Folslein útferkocht, op 6 july in ekstra foarstelling

Om’t alle sân de foarstellingen útferkocht binne, is der op snein 6 july in ekstra útfiering fan
‘In lyts stikje alles’. It is foar it earst yn de skiednis fan it iepenloftspul fan Snakkerbuorren dat
alle foarstellingen noch foar de premjêre al útferkocht binne. Fanwegen oare ferplichtingen
fan in oantal spilers en oare meiwurkers heart noch in ekstra foarstelling net ta de
mooglikheden. Wa’t snein 6 july fan de partij wêze wol, docht der goed oan sa gau mooglik in
kaartsje te keapjen. De foarstelling begjint om 20.30 oere.

Gouden Gurbes 2024

Freed 18 oktober de jûns wie it wer tiid foar de tradysjonele ôfsluter fan it Iepenloftspullenseizoen mei de útrikking fan de Gouden Gurbes yn teater Snits. Foar Andorra wie der in nominaasje foar bêste foarmjouwing en krige Chris Marijt foar syn fertolking fan Andri de Gouden Gurbe foar bêste haadrol útrikt. As kers op de taart gie it team fan Snakkerbuorren nei hûs mei de Gouden Gurbe foar bêste stik. Regisseur Grytha Visser droech oan de ein fan har emosjonele taspraak dy lêste Gurbe op oan ús yn maart fan dit jier ferstoarne foarsitter, Piter Zwart.

Lês mear oer de útrikking fan de Gouden Gurbes 2024 hjir.

Benijd nei alle sjueryrapporten? Klik hjir.

In memoriam Piter Zwart

SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de Friese cultuur en daarom eind vorig jaar nog een koninklijke onderscheiding kreeg, is op 2 maart 2024 op zestigjarige leeftijd overleden. Hij was al langere tijd ziek.


In een recent interview in de Leeuwarder Courant benadrukte hij nog eens hoe belangrijk het volgens hem is om cultuur als Friese gemeenschap te omarmen en te koesteren. ,,Kultuer is foar eltsenien’’, vond hij. De titel ‘cultuurman’ beviel hem wel, zei hij toen ook. ,,Kultuerman, soks fyn ik wol by my passen. In moai wurd ek. Ja, kultuerman, dat bin ik eins wol.’’

Zwart was, behalve 23 jaar lang werkzaam voor Omrop Fryslân waar hij verschillende grote projecten leidde en hoofd cultuur was, in zijn vrije tijd voorzitter van het iepenloftspul in Snakkerburen en bestuurslid bij de koepelorganisatie voor amateur toneelverenigingen in Friesland. In die hoedanigheid zette hij het schrijversproject IepenDoEk op, waarbij nieuwe stukken voor het amateurtoneel worden geschreven. De laatste jaren werkte hij bij het Noord Nederlands Orkest als teamleider orkestzaken.

Zijn grote passie was toneel; een leven lang zette hij zich hier als vrijwilliger voor in. Hij speelde zelf toneel op de middelbare school en werd liefhebber van iepenloftspullen. Toen Zwart achttien was, debuteerde hij in het tweede iepenloftspul van Menameradiel.

Het acteren beviel hem zo goed dat hij maar liefst vijf keer auditie deed op toneelscholen, maar hij werd niet aangenomen. Hij volgde een opleiding tot leraar handvaardigheid en tekenen, maar bleef, voor zijn eigen plezier, altijd toneelspelen. In 2016 ontving hij zelf een Gouden Gurbe voor Beste Bijrol in Don Juan , een stuk van Snakkerburren. Volgens de jury: ‘Sterk en subtyl aktearwurk mei geweldich stil spyljen’.

Zijn ziekte weerhield Zwart er niet van om de laatste maanden veel te ondernemen. Op goede dagen ging hij er met zijn vrouw Sjoukje Jager op uit, onder meer naar Terschelling, het eiland waar zij elkaar lang geleden ontmoetten. Samen kregen ze twee kinderen, Luka (25) en Emma Rixt (22).


Uit de Leeuwarder Courant d.d. 5 maart 2024

Iepenloftspul Snakkerbuorren siket figuranten

Kommende simmer spilet Iepenloftspul Snakkerbuorren, lykas bekend, ‘Andorra’ fan de
Switserske skriuwer Max Frisch. In foarstelling oer kollektive skuld, foaroardielen, identiteit
en stigmatisearring. De repetysjes binne yntusken yn folle gong en ynkoarten set de
bouploech útein mei it dekôr.


Foar dizze foarstelling binne wy op syk nei figuranten. Dizze figuranten sille soldaten fan in
fijannich leger spylje. Wy ha sa ’n 10 oant 15 soldaten nedich. Ek ast gjin spulûnderfining
hast, bist wolkom. Ynset en ynvestearring yn tiid is belangryk. Bist tusken de 16 en 60 jier en
liket it dy aardich om mei te spyljen yn in iepenloftspul meld dy dan oan mei in mailtsje nei
iepenloftspulsnakkerbuorren@gmail.com of nei skveenstr@gmail.com. Belje nei Sietske
Veenstra kin ek: 06 4614 9909.


Beskikberens op de folgjende repetysjedagen is winske:
Sneon 1 juny (13.00 -18.00)
Tiisdei 11 juny (19.30 -22 .30)
Sneon 8 juny (10.00 -13 oere)
Tiisdei 11 juny (19.30 -22 .30)
Tiisdei 18 juny (19.30 -22 .30)
Freed 21 juny (19.30 -23 .00)
Snein 23 juny (13.00 -18.00)
Tiisdei 25 juny Generale

Woansdei 26 juny Premjêre
Freed 28 juny Foarstelling
Sneon 29 juny Foarstelling
(moandei 1 july reserve)
Tiisdei 2 july Foarstelling
(woansdei 3 july reserve)
Tongersdei 4 july Foarstelling
Freed 5 july Foarstelling
Sneon 6 july Foarstelling

(snein 7 july reserve)
(moandei 8 july reserve)
(tiisdei 9 july reserve)

Nij logo!

Is it dy al opfallen? Us nije logo? Sjochst de sinne dy’t oer de Doarpstún strykt en tagelyk ek it teaterljocht ferbyldet. It fûgeltsje fersterket it iepenloft-gefoel mar ferbyldet ek de frijheid en ûneinige mooglikheden dy’t it meitsjen fan teater ús jout. Sjoukje Terpstra fan Dok6268 hat it logo foar ús makke en dêrmei ús winsken hiel treffend yn byld omsetten.

Sjoch hjir mear wurk fan Sjoukje: DOK6268 | concept & ontwerp – DOK6268 | Sjoukje Terpstra (myportfolio.com).

Gouden Gurbes 2023

As tradysjonele ôfsluting fan it iepenloftspullen-seizoen waarden op freed 13 oktober lêstlyn yn
teater Snits wer de Gouden Gurbes útrikt. En jonge jonge, wat wie it wer in feestje! Wy lokwinskje
‘ús’ Rienk Nicolai mei syn Gurbe foar bêste byrol foar syn rol as Jens yn ‘De Kommune’. Dêrnjonken
binne wy ek bysûnder grutsk op Anna Wolters dy’t in nominaasje foar bêste byrol krige foar har rol as
Sjoukje én Nynke Dijkstra dy’t foar har rol as Anna nominearre waard foar bêste haadrol. As kears op
de taart krige ‘De Kommune’ ek noch in nominaasje foar bêste foarstelling! In soad lof dus ek fan de
Gouden Gurbe-sjuery foar ús foarstelling fan 2023 dy’t mei troch it wurk fan alle frijwilligers achter
de skermen foar ús allegear toch al net mear stikken koe. Wy sjogge no alwer út nei takom simmer!

Foto © PDF-grafie

Ekstra foarstelling fan De Kommune

Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne, komt der snein 9 july in ekstra foarstelling. De oanfangstiid is 21.00 oere. Kaarten bestelle kin op iepenloftspulsnakkerbuorren.nl

De Kommune is in komysk drama fan Thomas Vinterberg – ek bekend fan Festen en Jagten – en Mogens Rukov. It stik fertelt it ferhaal fan it echtpear Erik en Anna dat in kommune begjint yn de grutte filla dy’t Erik fan syn âlden erft. De fleurige demokratysk anargy fan de earste moannen slacht om as Erik ferlyfd wurdt op de folle jongere Emma en ek sy har yn de kommune nei wenjen set.

Bouke Oldenhof sette it stik fan it Deensk oer yn it Frysk, de regy is yn hannen fan Brecht Wassenaar.

Premjêre 28 juny en foarstelling 8 july útferkocht

De kaartferkeap giet dat it slydjaget. Underwilens binne sawol de premjêre op woansdei 28 juny as de lêste foarstelling op sneon 8 july útferkocht. Sjoch by ‘kaarten’ op hokker dagen noch kaarten beskikber binne foar ‘De Kommune’. Graach oant sjen by ús op de tún!

​Perzyske kleden

Foar de bewenners fan De Kommune binne Perzyske flierleden ûnmisber foar in gesellich húshâlden. Kleden om oer te rinnen, om op te sitten en te lizzen, om alles te dwaan dat fan in groep minsken in mienskip makket.

Foar it iepenloftspul hawwe wy dan ek ferlet fan in hiele steapel fan dy kleden. Oan minsken dy’t ien of mear âlde Perzyske kleden oer hawwe en it iepenloftspul fan Snakkerbuorren in waarm hert tadrage de fraach oft se dy oan ús ôfstean wolle.

Graach kontakt opnimme mei assistint-regisseur Rudi Stuve, rudistuve@me.com, 06 5586 8745

Nei it Praathûs op ’e Doarpstún bringe kin ek.

OPROP: wy sykje handige hantsjes en tûke timmeraars foar de bouploech

De bouploech fan it iepenloftspul is op syk nei entûsjaste bouwers om it
hjoeddeistige team te fersterkjen. Foar it dekôr fan De Kommune leit wer in
útdaagjend plan klear en wat ekstra man/frou-krêft is dêrby fan herte wolkom!


Wy binne op syk nei minsken dy’t it leuk fine om ien of in oantal mominten mei
te helpen oan it bouwen fan it dekôr. Fan’t jier binne der foaral minsken nedich dy’t
entûsjast wurde fan it bouwen mei hout. Dêrnjonken ha wy ek minsken nedich dy’t it
aardich fine om dwaande te wêzen mei de wat lichtere materialen, skilderwurk,
ensfh. Foar elk is der wol in passende klus. Njonken datst mei syn allen wurkest oan
it meitsjen fan in moai dekôr, is it ek supergesellich!


Dus, bist in bytsje handige klusser en fynst it leuk om op dy manier in bydrage te
leverjen oan ús iepenloftspul? Meld dy dan oan en kom der by!


Oanmelde kin fia ús emailadres iepenloftspulsnakkerbuorren@gmail.com. Wolst
earst graach wat mear witte? Joyce Westerink (Buorren 71) fertelt dy der graach wat
oer. Of kom ris del op de tún as wy dwaande binne. Ein maart/begjin april begjinne
wy mei bouwen.