Iepenloftspul Snakkerbuorren hâldt audysjes!
Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet yn de simmer fan 2026 it maatskippijkrityske drama In fijân fan it folk fan Henrik Ibsen, oerset en bewurke troch Sietse de Vries. De regy is kommend jier yn hannen fan doarpsgenoate Grytha Visser.
It ferhaal
Dokter Thomas Stockmann, dy’t yn in lytse Noarske stêd libbet, ûntdekt dat it wetter fan it nije kueroard – de grutskens fan de stêd – slim fersmoarge is en gefaarlik foar de sûnens. Stockmann wol dit nei bûten bringe, mar botst op tsjinwurking fan de autoriteiten, wêrûnder syn broer/sus, de boargemaster. Sy binne benaud dat it bekend meitsjen fan it probleem skealik wêze sil foar de ekonomy en reputaasje fan de stêd. Yn stee fan him te stypjen, keare de politisy, de parse en úteinlik ek de boargers har tsjin him. Stockmann wurdt publyklik swart makke en ta “fijân fan it folk” ferklearre. Nettsjinsteande alle wjerstân wegeret er syn idealen op te jaan. It stik stelt fragen oer wierheid, macht, mearderheid fersus yndividu en morele moed.
Rollen
Der binne 11 tekstrollen wêrfan twa foar bern fan 10-14 jier. Foar guon fan de folwoeksen personaazjes dy’t yn it orizjineel man binne, wurdt besjoen oft dy ek troch in frou ynfolle wurde kin. Neist de personaazjes mei tekst, sykje wy ek byldspilers dy’t figurearje as bygelyks gasten fan it kueroard, folk by in gearkomste, enfsh.
Audysjes: mear ynformaasje en oanmelden
De audysjes binne op sneon 22 novimber o.s. Wy wurkje yn twa groepen. In groep moarns fan 10.00-13.00 oere en in groep middeis fan 14.00-17.00 oere. Plak fan hanneling Doarpshûs De Weeme yn Lekkum. Om rekken mei te hâlden: de foarstellingen binne op woansdei 17 juny (premjêre), freed 19 juny, sneon 20 juny, tiisdei 23 juny, tongersdei 25 juny, freed 26 juny en sneon 27 juny (reservedata: moandei 22 juny, woansdei 24 juny, snein 28 juny, moandei 29 juny en tiisdei 30 juny). De repetysjes starte yn jannewaris 2025 en binne op tiisdeitejûn en sneontemoarn. Nei de premjêre ta kin dat mear wurde, bygelyks hiele sneonen.
Hasto ynteresse om mei te spyljen? Jou dy dan foar 12 novimber op foar de audysjes fia it mailadres info@iepenloftspulsnakkerbuorren.nl. Jou dêrby yn alle gefallen oan: dyn namme, leeftyd, wenplak en telefoannûmer. Nei 12 novimber krigest sa gau as mooglik berjocht fan ús oer it hoe en wat op de dei fan de audysje.
Iepenloftspulkommisje Snakkerbuorren
———–
Folgje Iepenloftspul Snakkerbuorren ek op Facebook en/of Instagram en/of meld dy oan foar ús nijsbrief. Us nijsbrief ferskynt heechút in pear kear jiers op mominten dat der écht wat te fertellen is. Leuk? Folje dan hjirûnder dyn emailadres yn.
Ja, ik meld my oan foar de nijsbrief fan Iepenloftspul Snakkerbuorren: