Iepenloftspul Snakkerbuorren

Wolkom by it iepenloftteater fan Snakkerbuorren.
In plak dêr't ferhalen ta libben komme, midden yn de doarpstún. Kom derby, lit dy meinimme en genietsje.

Spyldata 2026

17, 19, 20, 23, 25, 26, 27 juny

Reservedata: 22, 24, 28, 29, 30 juny

Foar mear ynformaasje oer de foarstelling, de lokaasje en kaarten: Klik hjir en reservearje fuortendaliks in plak

Oer it stik

2026 | Fijân fan it folk

Regy Grytha Visser

Vijand van het volk (1882) fan Henrik Ibsen is in skerpe, maatskiplike foarstelling oer wierheid en yngewikkelde groepsdruk. It ferhaal folget dokter Thomas Stockmann, dy't ûntdekt dat it genêskrêftige wetter fan syn stêd fersmoarge is. As er dat nei bûten bringe wol, keart de mienskip har tsjin him: jild en imago wurde wichtiger fûn as de wierheid. 

It stik lit sjen hoe kwetsber mienskip is as de mearderheid kiest foar gemak ynstee fan yntegriteit, en stelt de fraach wat it kostet om trou te bliuwen oan dyn prinsipes.

2026
2026

Klik hjirûnder om fuortendaliks dyn kaarten te reservearjen foar it iepenloftspul en genietsje fan in ûnferjitlike teaterjûn

Bliuw op 'e hichte

Folgje Iepenloftspul Snakkerbuorren ek op FacebookInstagram en meld dy oan foar ús nijsbrief foar it lêste nijs oer foarstellingen, kaarten en aktiviteiten. Us nijsbrief ferskynt heechút in pear kear jiers, krekt op de mominten dat der écht wat nijsgjirrich te fertellen is oer it iepenloftspul. 

Leuk? Folje dan hjirûnder dyn emailadres yn om de nijsbrief te ûntfangen.


Lêste nijs

Bekijk ook 

It iepenloftspul is te gast yn de Doarpstún fan Snakkerbuorren. In mienskiplike, biologyske doarpstún dêr't natuer en minsken byinoar komme, en dêr't romte is foar moeting, kreativiteit en ûntwikkeling.

In sintraal plak dêr't alle Fryske iepenloftspullen byinoar komme. Do fynst dêr in oersjoch fan foarstellingen troch de jierren hinne, mei ynformaasje per doarp, produksje en spylperioade.

Iepenloftspul Snakkerbuorren, in sfearfol iepenloftteater flakby Ljouwert yn Fryslân

Op syk nei in bysûndere teaterûnderfining yn Fryslân? It iepenloftspul fan Snakkerbuorren is in autentike iepenloftfoarstelling dy’t in unike kombinaasje fan sfear, ferhaal en mienskip biedt. Yn de iepen loft, tusken de beammen yn de doarpstún, komme ferhalen ta libben mei sterke spilers, prachtige live-muzyk en in waarme, gastfrije sfear.

Oftsto in echte teaterleafhawwer bist of gewoan op syk nei in bysûndere jûn út yn de omkriten fan Ljouwert, hjir belibbesto in iepenloftfoarstelling dy’tst net gau wer ferjitst. Nim freonen, famylje of kollega’s mei en lit dy ferrasse troch it sfearfolle iepenloftspul fan Snakkerbuorren yn it hert fan Fryslân.

Snakkerbuorren foel al meardere kearen yn de prizen by de Gouden Gurbes, de prestizjeuze prizen foar iepenloftspullen yn Fryslân. Dizze útrikking wurdt live útstjoerd troch Omrop Fryslân op 30 oktober 2026 yn it Teater Snits.
Snakkerbuorren foel al meardere kearen yn de prizen by de Gouden Gurbes, de prestizjeuze prizen foar iepenloftspullen yn Fryslân. Dizze útrikking wurdt live útstjoerd troch Omrop Fryslân op 30 oktober 2026 yn it Teater Snits.