Kaartferkeap
Wy spylje ‘Fan mûzen en mannen’ op de neikommende dagen:
- woansdei 26 juny (premjêre)
- freed 28 juny
- sneon 29 juny
- woansdei 3 july – UTFERKOCHT
- tongersdei 4 july – UTFERKOCHT
- freed 5 july – UTFERKOCHT
- sneon 6 july – UTFERKOCHT
De foarstelling begjint alle kearen om 21.00 oere.
Kaarten bestelle
Tagongskaarten á € 17,50 kinne jo hiel maklik online bestelle via Van Plan. Klik op de button hjirûnder en it wiist him fansels. Wy winskje jo alfêst in noflike jûn!
Min waar
As in foarstelling troch min waar of oare kalamiteiten net trochgean kin, dan wurdt dat dyselde deis nei 18.00 oere bekend makke op ús webside en Facebookside. Jo wurde dan ek ynformearre oer de dei wêrop ’t de foarstelling ynhelle wurde sil (sjoch foar de mooglike opsjes ek reservedata hjirûnder).
Reservedata
Foar de foarstellings fan 26, 28 en 29 juny binne 30 juny en 1 july reserve. Foar de foarstellings fan 3, 4, 5 en 6 july is op 7 of 8 july de reservejûn.
Lokaasje
Doarpstún Snakkerbuorren, Oan ’e Dyk 56, Snakkerbuorren