Gouden Gurbes 2022

It wie wer in bysûnder en moai iepenloftjier! As ôfsluting dêrfan binne wy bliid mei ús Gouden Gurbe-nominaasjes foar beste byrol foar ‘de minsken’ spile troch Theo van der Molen, Sietske Veenstra, Jillis Tingen, Jeroen van der Meer en Klaas Zwart EN foar beste haadrol foar ‘Man’, spile troch Bodes Kroes. Wy lokwinskje ek graach alle oare iepenloftspullen mei harren nominaasjes en Gurbes!

Noch even weromsjen? Helder Media makke in superleuke kompilaasje fan ‘Nei Man’ yn 2 minuten!

Foarstelling 5 en 8 july útferkocht!

Foarstelling 5 en 8 july útferkocht!
De foarstelling fan tiisdei 5 en freed 8 july is útferkocht. Der binne noch wol kaarten foar de foarstellings fan tongersdei 7 en sneon 9 july. Graach oant sjen by ús op de tún!

Kaartferkeap ‘Nei Man’ fan start

Nei de nedige fertraging is it dan safier: de kaartferkeap foar ‘Nei Man’ is fan start! Kaarten á € 20,00
keapest online fia dizze webside. Klik hjir of kies yn de menu-balke rjochts foar ‘kaarten’. Meitsje dyn
kar foar de datum datsto graach nei de foarstelling ta wolst, jou it tal kaarten datsto hawwe wolst
oan en rekkenje fuortendaliks ôf. Klear is’t! Wy ferwolkomje dy graach by ús op de tún!

Oprop fan Iepenloftspul Snakkerbuorren: byldspilers socht!

Liket it dy leuk om dizze simmer (ek) mei te spyljen yn ús iepenloftspul ‘Nei Man’? Dat kin! Wy binne nammentlik op syk nei byldspilers. Byldspilers binne spilers dy’t sûnder tekst de ynwenners fan de stêd dêr’t it ferhaal him ôfspilet ferbyldzje/foarmjouwe. Tink dêrby bygelyks oan sênes dy’t it deistich libben yn ’e stêd en op it wurk (kantoar) sjen litte. De byldsênes binne in grut ûnderdiel fan de hiele foarstelling. Wy sykje jong en âld en alles dêr tuskenyn. Underfining mei toanielspyljen is net needsaaklik, entûsjasme wol.


Praktyske ynformaasje

  • Repetysjes binne fan sneon 2 april ôf elke sneontemoarn fan 10.00 oant 13.00 oere en fan begjin juny ôf ek op sneontemiddei. Ein juny moatst rekken hâlde mei (in tal) ekstra repetysjes foar trochrinnen, try-outs en generale repetysje.
  • Foarstellings binne op 29 juny en 1, 2 ,5 ,7, 8 en 9 july 2022 (reservedata 4, 6, 10, 11 en 12 july).
  • Mear ynformaasje oer it stik fynst op www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.

Meidwaan?

Stjoer dan in mail mei dyn namme, leeftyd, wenplak en telefoannûmer en eventueel oanfoljende ynformaasje dy’tst mei ús diele wolst oan info@rudistuve.nl.

Oant sjen!

Wy binne fan start!

Under lieding fan regisseur Brecht Wassenaar binne wy sneon 22 jannewaris yn it Praethûs op de Doarpstún mei in entûsjaste ploech spilers útein setten mei de repetysjes foar ‘Nei Man’. De earste lêzing fan it stik jout fuortendaliks alwer sin oan de folgjende repetysje nije wike sneon!

Njonken it lêzen fan it stik presentearre Rudi Stuve syn dekôrûntwerp. Rudi is trouwens net allinne dekôrûntwerper mar docht ek de regy-assistinsje. Spilers binne Bodes Kroes, Tessa Hettema, Sijtse Keekstra, Jildou Talman, Ellie Dijkstra, Piter Zwart, Sietske Veenstra, Jillis Tingen, Theo van der Molen, Klaas Zwart en Jeroen van der Meer. Dêrnjonken hawwe wy noch ferlet fan byldspilers. Dêroer folget ynkoarten mear ynformaasje en in oprop.

Ja, u kunt ivermectine online bestellen als u thuis blijft. Breedspectrum anthelmintica vindt u altijd op onze website. Als er toch een infectie optreedt en je hebt directe en latente symptomen die de infectie bevestigen, is het goed om wat medicijnen in huis te hebben die je in geval van nood kunt gebruiken als je niet meteen een arts kunt zien.

Kaartferkeap 30 july los

De keartferkeap foar iepenloftspul ‘Galgen’ yn Snakkerbuorren giet los op freed 30 july om 16.00 oere. Kaarten bestelle kin op fia dizze website of streekrjocht fia vanplan.nl.

‘Galgen’ is in swarte komeedzje oer in famyljebedriuw dat al fjouwer generaasjes galgen (bretels) makket fan de alderheechste kwaliteit. De dagen foarôfgeand oan de útfeart fan âld-direkteur Bouke Helfrich komme in oantal tsjustere saken oan it ljocht oer de ferstoarne en it bedriuw. Utfeartlieder Tine Schaap docht der alles oan om de útfeart oarderlik ferrinne te litten. De tekst is fan Sietse de Vries, regisseur is Karin Idzenga.

Op dit stuit is noch net dúdlik hoefolle taskôgers yn septimber talitten wurde kinne. Troch in ekstra tribune te pleatsen kinne minimaal 110 taskôgers de foarstellingen bywenje. Sûnder oardel-meterfoarskriften is der plak foar 220 taskôgers. Mochten it der net mear wurde as 110, dan is de ferwachting dat de foarstellingen gau útferkocht wêze sille.

De foarstellingen binne 15, 17, 18, 21, 23, 24 en 25 septimber, oanfang 20 oere. Klik hjir om fuortendaliks dyn kaarten te bestellen

Folgje iepenloftspul Snakkerbuorren ek op Facebook en/of Instagram

Iepenloftspul ‘Galgen’ yn septimber 2021

In jier en in simmerfakânsje letter as de bedoeling wie, is op 15 septimber 2021 de premjêre fan
iepenloftspul ‘Galgen’. Trije spilers moasten fanwegen oare ferplichtingen ôfheakje, foar it oare
wurde de linen dy’t foarich jier útset binne safolle mooglik trochlutsen.

Om’t no noch net te sizzen is hokker koroanaregels yn septimber noch jilde, hiere wy spesjaal foar dit
jier in ekstra tribune. Oardel meter ôfstân hâlde is, mocht dat dan noch nedich wêze, gjin probleem.

‘Galgen’ is de titel fan de swarte komeedzje dy’t skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries út
Snakkerbuorren spesjaal foar it iepenloftspul op ’e Doarpstún skreaun hat. De op tachtichjierrige
leeftyd ferstoarne Bouke Helfrich wie in tige achtenearre lid fan de mienskip. Mei syn wiisheid en
saaklik ynsjoch hat er Helfrich Bretels, it bedriuw dat syn oerpake Wybrand oait oprjochte, útboud ta
de grutste produsint fan kwaliteitsgalgen yn Nederlân.

De dagen foarôfgeand oan ’e begraffenis tinke syn trije bern werom oan de minder achtenearre
kanten fan Bouke Helfrich. Direkteur Wybrand, kantinejuffer Tsjitske en yogabeoefener Margje
wrakselje elk op har eigen manier mei wat se fan heit syn pedagogyske feardichheden oprûn ha. Hoe
earlik mei Wybrand dêr as âldste soan oer fertelle yn syn taspraak op ’e begraffenis? Wat stiet de ek
tige achtenearre útfeartlieder Tine Schaap him dêrby ta?

Karin Idzinga, dy’t earder in Gouden Gurbe wûn mei ‘De dame komt’ yn Snakkerbuorren, fiert de
regy. Se wurdt assistearre troch Hester Bron. ‘Galgen’ wurdt op de planken brocht troch Baukje
Hiemstra, Jelly Krol, Annemarije Methorst, Theo van der Molen, Anja Steegstra, Jildou Talman, Jacob
de Vries, Sietse de Vries, Klaas Zwart en Piter Zwart.

Fan 15 septimber (premjêre) ôf binne der foarearst noch 8 foarstellings pland mei yn alle gefallen de
lêste foarstelling op sneon 25 septimber. Ynkoarten sille de definitive data bekend makke wurde.
Folgje Iepenlofspul Snakkerbuorren ek op Facebook en/of Instagram om op de hichte te bliuwen.

Gjin iepenloftspul op Snakkerbuorren yn 2020

It iepenloftspul fan Snakkerbuorren giet dizze simmer net troch. Yn ferbân mei de beheinings en ûnsekerheden dy’t der op dit stuit troch it Corona-firus binne, leit it repetysjeproses te lang stil en rinne tariedings, bygelyks de dekôrbou, te folle fertraging op. Besletten is om it stik in jier troch te skowen. Galgen sil dêrom yn juny 2021 sân kear opfierd yn it smûke iepenloftteater fan de Doarpstún op Snakkerbuorren. De regy bliuwt yn hannen fan Karin Idzenga. Data wurde letter bekend makke.

Galgen
Galgen is in swarte komeedzje fan sjoernalist/skriuwer én Snakkerbuorster Sietse de Vries. It spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik giet oer in famyljebedriuw dat him al fjouwer generaasjes taleit op de produksje fan heechweardige galgen (bretels).

Nei’t Bouke Helfrich, de âld-direkteur fan ‘Helfrich Galgen’, op tachtichjierrige leeftyd stoarn is, komme syn trije bern thús foar de tariedingen fan de begraffenis. Geandewei blykt dat moaie herinnerings oan heit fier te sykjen binne. De famyljeferhâldings komme lykwols ûnder druk te stean as der in tal ûnferwachte saken oan it ljocht komme dêr’t net ien bliid mei is. Wat sil dêr by de plechtichheid oer nei bûten brocht wurde?

Kontaktynformaasje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Piter Zwart fan de Iepenloftspulkommisje, 06-12069958

Foto: © Marte

Nij stik fan Sietse de Vries as iepenloftspul yn Snakkerbuorren

Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet takom jier Galgen, in stik fan sjoernalist/skriuwer én Snakkerbuorster Sietse de Vries. It spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik giet oer in famyljebedriuw dat him al fjouwer generaasje taleit op de produksje fan heechweardige galgen (bretels).

Galgen spilet him ôf op de dagen foarôfgeand oan de begraffenis fan Bouke Helfrich, de âld-direkteur dy’t op tachtichjierrige leeftyd stoarn is. By de tariedingen komt in oantal ûnferwachte saken oan it ljocht dêr’t net ien fan ’e famyljeleden bliid mei is. De trije bern fan Bouke Helfrich komme foar de fraach te stean wat se dêr by de plechtichheid oer nei bûten bringe sille. Galgen is in famyljedrama mei in skerp humoristysk rântsje.

Karin Idzenga docht de regy, Marysia Jaworski de foarmjouwing. De audysje is op sneon 30 novimber De foarstellingen binne 17, 19, 20, 23, 25, 26 en 27 juny 2020. Sjoch foar mear ynformaasje op www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.

Alles útferkocht

Alle foarstellings binne útferkocht! Der past gjin mûs mear by. En sorry, it hat gjin doel om mei ús te mailen of te beljen want wy ha écht net mear plak. Faaks smyt in opropke op social media wat op?  Slagget ek dat net? Dan is der gelokkich hoop foar de takomst: takom jier binne we der wer mei wer in nij iepenloftspul! Hoe dan ek oant sjen by ús op de tún!