Oprop fan Iepenloftspul Snakkerbuorren: byldspilers socht!

Liket it dy leuk om dizze simmer (ek) mei te spyljen yn ús iepenloftspul ‘Nei Man’? Dat kin! Wy binne nammentlik op syk nei byldspilers. Byldspilers binne spilers dy’t sûnder tekst de ynwenners fan de stêd dêr’t it ferhaal him ôfspilet ferbyldzje/foarmjouwe. Tink dêrby bygelyks oan sênes dy’t it deistich libben yn ’e stêd en op it wurk (kantoar) sjen litte. De byldsênes binne in grut ûnderdiel fan de hiele foarstelling. Wy sykje jong en âld en alles dêr tuskenyn. Underfining mei toanielspyljen is net needsaaklik, entûsjasme wol.


Praktyske ynformaasje

  • Repetysjes binne fan sneon 2 april ôf elke sneontemoarn fan 10.00 oant 13.00 oere en fan begjin juny ôf ek op sneontemiddei. Ein juny moatst rekken hâlde mei (in tal) ekstra repetysjes foar trochrinnen, try-outs en generale repetysje.
  • Foarstellings binne op 29 juny en 1, 2 ,5 ,7, 8 en 9 july 2022 (reservedata 4, 6, 10, 11 en 12 july).
  • Mear ynformaasje oer it stik fynst op www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.

Meidwaan?

Stjoer dan in mail mei dyn namme, leeftyd, wenplak en telefoannûmer en eventueel oanfoljende ynformaasje dy’tst mei ús diele wolst oan info@rudistuve.nl.

Oant sjen!