Alles útferkocht

Alle foarstellings binne útferkocht! Der past gjin mûs mear by. En sorry, it hat gjin doel om mei ús te mailen of te beljen want wy ha écht net mear plak. Faaks smyt in opropke op social media wat op?  Slagget ek dat net? Dan is der gelokkich hoop foar de takomst: takom jier binne we der wer mei wer in nij iepenloftspul! Hoe dan ek oant sjen by ús op de tún!

​Ek de foarstelling op freed 5 july is útferkocht

​​​​Ek de foarstelling op freed 5 july is útferkocht. Der binne no allinne noch  in tal kaarten foar de foarstelling fan tongersdei 4 july: www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl. Oant sjen by ús op de tún!

​Foarstellings 3 en 6 july útferkocht

De foarstellings op woansdei 3 july en sneon 6 july binne útferkocht! Wolst ‘Fan mûzen en mannen’ noch sjen? Wês der dan by en regelje gau dyn kaarten foar tongersdei 4 july of freed 5 july: www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl. Oant sjen by ús op de tún!

Trailer ‘Fan mûzen en mannen’ online

Besjoch hjir de trailer fan ‘Fan mûzen en mannen. Oant sjen by ús op de tún!

Kaartferkeap fan start!

Fansels wolst it iepenloftspul fan Snakkerbuorren ek dit jier net misse! Fan hjoed ôf kinst online dyn kaarten foar de foarstelling bestelle. Foar alle ynformaasje oer it bestellen fan kaarten en foarstellingsdata sjochst by kaartferkeap. De foarstellingsdata fynst ek noch ûnderoan de thús side.

Graach oant sjen by ús op de tún!

Earste bûtenrepetysje

Sneon 20 april, simmerske temperatueren op de tún en tiid foar de earste bûtenrepetysje. Tiid foar foto’s. Foar alle foto’s fan de repetysje fan 20 april sjochst hjir.

   . 

Snakkerbuorren spilet ‘Fan mûzen en mannen’

Dizze simmer sil de teaterbewurking fan it wrâldferneamde ‘Of mice and men’ fan John Steinbeck as iepenloftspul opfierd wurde yn it iepenloftteater op de Doarpstún fan Snakkerbuorren. ‘Fan mûzen en mannen’ fertelt it ferhaal fan de bysûndere freonskip tusken George en de geastlik beheinde Lennie. Jan van der Leij fan Wyns, ek belutsen as spiler, makke spesjaal foar Iepenloftspul Snakkerbuorren in Fryske oersetting fan it stik. De regy is yn hannen fan Karin Idzenga fan Snits. Sy tekene earder yn Snakkerbuorren foar de regy fan it suksesfolle ‘De dame komt’(2014). ‘Fan mûzen en mannen’ giet op woansdei 26 juny yn premjêre.

Fan mûzen en mannen

It stik spilet him ôf yn de jierren ’30 fan de foarige ieu yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr te wurkjen. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om’t de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft mei de nedige gefolgen. Op de nije lokaasje begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen om in eigen pleatske te hawwen mei gewaaks, kninen en oare bisten soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta. ‘Fan mûzen en mannen’ is rau en leafdefol, humoristysk en oangripend.

Spyldata: 26,28 en 29 juny, 3,4,5 en 6 july 2019.

Winner Gouden Gurbe 2017 foar Beste Foarstelling

Lês hjir it Juryrapport oer In See fan Lân!

 

Simone hjit yn it echt Lieke

‘In see fan lân’ is basearre op in wier bard ferhaal: de haadpersoan Simone hjit yn it echt Lieke Bömer. It ferhaal fan Lieke ferskynde in jier as wat lyn yn in ôflevering fan de rubryk ‘Lust & liefde’ yn it Volkskrant Magazine en – hoe raar kin it gean – is no te sjen as iepenloftspul by ús op de tún. Freed 14 july siet Lieke by ús op tribune. Rixt Oenema fan de Ljouwerter Krante gie mei har mei. Lês hjir it artikel:

Lêste foarstelling útferkocht!

Der bin’gjin grinzen … mar spitigernôch wol oan it tal sitplakken op ús tribune. Ek de lêste foarstelling op snein 16 july is útferkocht!