Wy binne los! Yn doarpshûs ‘De Weeme’ yn Lekkum wie hjoed de startbyienkomst mei alle spilers en meiwurkers/frijwilligers mei oanslutend de earste lêsrepetysje. Sukses allegear!
De Gouden Gurbe-jury (Wiebe Pennewaard, Jannie van der Veen en Fokke Plantinga) stelde een uitgebreid rapport op, met een beoordeling van alle vijftien iepenloftspullen. Dit is wat ze melden over Iepenloftspul Snakkerbuorren: Don Juan (Gurbe beste bijrol voor Piter Zwart)
Mei in Gouden Gurbe foar bêste byrol foar Piter Zwart, in nominaasje foar Pieter Dirk Sikkema en as ynspirator foar de ekstra Gurbe slute wy dit iepenloftspuljier ôf mei in gouden rantsje.
Lês hjirûnder wa’t de Gouden Gurbe sjuery dit jier nominearre hawwe foar – en beleanne hawwe mei in Gouden Gurbe.
Foar de foarstellings fan tongersdei 14 july, freed 15 july en sneon 16 july binne op dit stuit (woansdei 13 july, 14.00 oere) noch inkele tsientallen kaarten beskikber. Twivelje dus net en bestel no fuortendaliks want fol=fol! Sjoch by kaarten foar it online of telefoanysk reservearjen.
Yn de santjinde iuw wie toanielskriuwer Molière syn stik Don Juan kontroversjeel, om syn frijsinnigens en om’t mei de godstsjinst de spot dreaun wurde soe. Mei’t der oer de needsaak fan it skearen fan de bikinilijn of in skamlipkorreksje praat wurdt en de ferneamde frouljusferlieder Don Juan fan in Marokkaan syn frou graach in foto wol, mar dan net ûnder sa’n tinte, is it stik yn de bewurking fan de Flaming Nathan Vecht nei de tiid fan no brocht. Kontroversjeel is it net, it publyk is wol wat wend as it giet om ferlieding en alles wat dêrút fuort komt. In jûn op de tribune fan de doarpstún fan Snakkerbuorren om nei de ferfryske ferzje te sjen, is ál sa’n jûn dat it publyk amper ophâlde kin fan laitsjen.
Regisseur Wouter Daane hat altyd it heechste wurd. En dat heart fansels ek sa at je de ploech nei grutte hichten jeie wolle. Mar hoe is Wouter as hy him stil hâldt?
Fryslân is de provinsje fan de iepenloftspullen, amateurtoaniel yn de iepen loft. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer spikerhurd om de moaiste stikken op de planken te bringen. Net allinne mei folwoeksenen, mar ek bern spylje har eigen iepenloftspul.
Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen. Fan de fyftjin stikken dy’t kâns meitsje op in Gouden Gurbe binne op dizze spesjale side reportaazjes te finen, ynformaasje oer de stikken en spyldata.