Tsjitske

Se binne susters fan elkoar, mar it ferskil kin hast net grutter. Margje, ús mem: ekstravert, in flapút en altyd dwaande mei har persoanlike groei. Tsjitske, myn tante: ynbannich, harsels weisiferjend, faak mear belangstelling foar in oar as foar harsels.


En dat wylst Tsjitske – sa wol se dat ik har oansprek, gjin ‘tante’ of ‘muoike’ – miskien wol de yntelligintste en meast talintearre fan de trije bern fan Bouke Helfrich is. Se is de iennichste dy’t op it gymnasium sitten hat. Noait sitten bleaun, hat ús mem wolris ferteld, en in siferlist by de diploma-
útrikking sûnder ien ûnfoldwaande.


In moaie basis foar in universitêre stúdzje, soe men sizze, mar om de ien of oare reden is it dêr noait fan kaam. Nei it gymnasium hat se earst in pear jier by har heit op kantoar sitten, letter hat se in jier as tsien yn ’e berneopfang wurke. Doe’t pake Bouke geastlik ôftakele, is se weromgien nei it fabryk. As kantinejuffer, mar neffens my docht se folle mear.


Der is yn de famylje net ien mei wa’t ik sa goed prate kin as Tsjitske. Dat sil wol komme om’t se de iennichste is dy’t echt belangstelling foar in oar hat en net allinne oer harsels praat. Dat sy en Arjen noait bern krigen ha, begryp ik neat fan. As der ien yn de Helfrichfamylje geskikt is om bern grut te bringen, is Tsjitske dat.