Kaartferkeap

Troch de oergong nei in oar ticketingsysteem rint de start fan de kaartferkeap helaas fertraging op. Wy besykje ien en oar fansels sa gau as mooglik yn oarder te hawwen. Sadree’t de kaartferkeap fan start kin, sille wy dat bekend meitsje fia dizze webside, ús socials én ús nijsbrief. Ynskriuwe foar ús nijsbrief: ynksriuwe kin fia it ynfolfjild en de knop ‘aanmelden’ ûnderoan op de thús-side.

Save the date
Alhoewol’st noch gjin kaartsje keapje kinst, kinst fansels wol alfêst in jûn reservearje yn dyn aginda!

Wy spylje ‘Nei Man’ op de neikommende dagen:

woansdei 29 juny (premjêre)
freed 1 july
sneon 2 july
tiisdei 5 july
tongersdei 7 july
freed 8 july
sneon 9 july
De foarstelling begjint alle kearen om 21.00 oere. Kaarten kostje € 20,00.

Graach oant sjen by ús op de tún!

Wybrand

Apart dat trije bern út deselde húshâlding, dy’t troch deselde heit grutbrocht binne, sa fan elkoar ferskille kinne. Us mem altyd dwaande mei har persoanlik groei, tante Tsjitske ynbannich en fol belangstelling foar in oar en omke Wybrand dy’t – tink ik wolris – folslein yn syn eigen wrâld libbet.


Wybrand is al in oantal jierren direkteur fan Helfrich Galgen. Mar soms tinke ús mem en ik dat it direkteur-wêzen suver wat in spultsje foar him is. Hy docht echt wol syn bêst om it bedriuw sa goed mooglik te lieden – it is oan him te tankjen dat der no ek galgen yn oare kleuren te keap binne as yn
de tradisjonele Helfrich-kleuren – mar soms wit net ien fan de meiwurkers wat se krekt oan him hawwe.

It is al in pear kear bard dat er freed oan de ein fan ’e moarn tsjin it personiel sei dat er in ôfspraak yn Amsterdam hie: oft ien fan de oaren ôfslute koe. Oft dy ôfspraak mei it wurk te meitsjen hie of
persoanlijk wie, nimmen dy’t it wist.

Neffens ús mem hie Wybrand as jonge al wat artistyks en seach er faak wat oars tsjin de dingen oan
as de measte minsken. Dat soe de reden wêze dat er oars is as oare direkteuren.

Tsjitske

Se binne susters fan elkoar, mar it ferskil kin hast net grutter. Margje, ús mem: ekstravert, in flapút en altyd dwaande mei har persoanlike groei. Tsjitske, myn tante: ynbannich, harsels weisiferjend, faak mear belangstelling foar in oar as foar harsels.


En dat wylst Tsjitske – sa wol se dat ik har oansprek, gjin ‘tante’ of ‘muoike’ – miskien wol de yntelligintste en meast talintearre fan de trije bern fan Bouke Helfrich is. Se is de iennichste dy’t op it gymnasium sitten hat. Noait sitten bleaun, hat ús mem wolris ferteld, en in siferlist by de diploma-
útrikking sûnder ien ûnfoldwaande.


In moaie basis foar in universitêre stúdzje, soe men sizze, mar om de ien of oare reden is it dêr noait fan kaam. Nei it gymnasium hat se earst in pear jier by har heit op kantoar sitten, letter hat se in jier as tsien yn ’e berneopfang wurke. Doe’t pake Bouke geastlik ôftakele, is se weromgien nei it fabryk. As kantinejuffer, mar neffens my docht se folle mear.


Der is yn de famylje net ien mei wa’t ik sa goed prate kin as Tsjitske. Dat sil wol komme om’t se de iennichste is dy’t echt belangstelling foar in oar hat en net allinne oer harsels praat. Dat sy en Arjen noait bern krigen ha, begryp ik neat fan. As der ien yn de Helfrichfamylje geskikt is om bern grut te bringen, is Tsjitske dat.

Reitse

Sa’k sei, ik hoopje net dat ús heit aanst ôftinget op de kiste of de blommen. Hy is der ta by steat. ,,Moat dy kiste 4000 euro kostje? Yn gjin tûzen jier, ik bied 3000. Graach of net.’’ Ik haw wolris tocht, as se genôch opsmiet, soe er sels ús mem ferkeapje.


Dat lêste is in grapke fansels. Djip yn syn binnenste is er in goed minske. Allinne soms krekt wat oars as oars. Sa’t de ien der alles oan docht om in goeie fioelist of fuotballer te wurden, sa hat ús heit der alles oan dien om him as keapman te ûnderskieden. Miskien wol as kompinsaasje foar dat er der as bern faak mar in bytsje by hong. Hy wie nergens echt goed yn,
hat er my wolris ferteld, net op skoalle, net op it fuotbalfjild, op gjin inkeld plak.


Dat is er no wol, want ik bin der wis fan dat er goed is yn syn wurk. Dat er in noas hat foar hannel. Oft it no om boarterspoppen of teedoeken giet, it slagget heit altyd wer om se mei in moaie winst te ferkeapjen. En dat komt neffens my om’t it him mear op it spultsje fan it loovjen en bieden te dwaan is as om it jild. Dêr giet it neffens my om yn it libben: datst wille
belibbest oan watst dochst. Ast wille hast, is jild bysaak.

Startbyienkomst en earste lêsrepetysje

Wy binne los! Yn doarpshûs ‘De Weeme’ yn Lekkum wie hjoed de startbyienkomst mei alle spilers en meiwurkers/frijwilligers mei oanslutend de earste lêsrepetysje. Sukses allegear!

Team Iepenloftspul Snakkerbuorren 2017

Sjueryrapport Gouden Gurbe

De Gouden Gurbe-jury (Wiebe Pennewaard, Jannie van der Veen en Fokke Plantinga) stelde een uitgebreid rapport op, met een beoordeling van alle vijftien iepenloftspullen. Dit is wat ze melden over Iepenloftspul Snakkerbuorren: Don Juan (Gurbe beste bijrol voor Piter Zwart)

Bekijk het juryrapport hier!

 

Gouden Gurbe foar Piter Zwart fan Snakkerbuorren

Mei in Gouden Gurbe foar bêste byrol foar Piter Zwart, in nominaasje foar Pieter Dirk Sikkema en as ynspirator foar de ekstra Gurbe slute wy dit iepenloftspuljier ôf mei in gouden rantsje.

Lês hjirûnder wa’t de Gouden Gurbe sjuery dit jier nominearre hawwe foar – en beleanne hawwe mei in Gouden Gurbe.

Nominaties en winnaars Gouden Gurbe 2016: tekst van de juryleden.

 

Freed 15 july útferkocht

Der binne noch kaarten foar de foarstellings fan tongersdei 14 july en sneon 16 july!

Kaartferkeap rint dat it slydjaget

Foar de foarstellings fan tongersdei 14 july, freed 15 july en sneon 16 july binne op dit stuit (woansdei 13 july, 14.00 oere) noch inkele tsientallen kaarten beskikber. Twivelje dus net en bestel no fuortendaliks want fol=fol! Sjoch by kaarten foar it online of telefoanysk reservearjen.

Resinsje de Moanne

Don Juan: op syn hûntsjes yn de iepen loft

Troch: Elske Schotanus

Yn de santjinde iuw wie toanielskriuwer Molière syn stik Don Juan kontroversjeel, om syn frijsinnigens en om’t mei de godstsjinst de spot dreaun wurde soe. Mei’t der oer de needsaak fan it skearen fan de bikinilijn of in skamlipkorreksje praat wurdt en de ferneamde frouljusferlieder Don Juan fan in Marokkaan syn frou graach in foto wol, mar dan net ûnder sa’n tinte, is it stik yn de bewurking fan de Flaming Nathan Vecht nei de tiid fan no brocht. Kontroversjeel is it net, it publyk is wol wat wend as it giet om ferlieding en alles wat dêrút fuort komt. In jûn op de tribune fan de doarpstún fan Snakkerbuorren om nei de ferfryske ferzje te sjen, is ál sa’n jûn dat it publyk amper ophâlde kin fan laitsjen.

Lês de resinsje fierder op demoanne.nl >>>