Ynspiraasje fan de skriuwer

‘In see fan lân’ is spesjaal foar Iepenloftspul Snakkerbuorren skreaun troch Hans Brans. Wêrom naam Hans dy útdaging oan? En wêr helle hy syn ynspiraasje wei? Lês it hjir:

Ynspiraasjeboarnen foar ‘In see fan lân’
Troch Hans Brans

Boer zoekt vrouw ha ik noch nea sjoen. De boer as eksoatyske soart dy’t neat minskliks frjemd is – dêr ha ik net safolle mei. Miskien omdat ik in stêdsminske bin dy’t al tweintich jier njonken in boerefamylje wennet. Net dat ik boeren net begryp, mar de ferminging fan bedriuw en famylje, fan berop en identiteit, fyn ik wol fassinearjend. Krekt as it fergroeid wêze mei de grûn oan de iene kant en oan de oare kant it rjochte wêzen op de wrâldmerk en op hieltyd wer nije techniken. Dêrom spruts it stik út it Volkskrant Magazine dêr’t Gerard van der Veer mei oan kaam as idee foar in teaterfoarstelling yn Snakkerbuorren my fuortendaliks oan.

Yn de rubryk ‘Lust & Liefde’ fertelde in Amsterdamske frou oer hoe’t sy fereale rekke op in boeresoan dy’t tweintich jier jonger wie as har. Yn Amsterdam hie sy fiif kroegen runt, mar yn Fryslân woe se op ‘e nij begjinne. Sa’n leafde is lykwols freegjen om swierrichheden. Der is net allinne it grutte ferskil yn leeftyd en ôfkomst en kultuer, yn stêd en plattelân, mar it grutste ferskil is miskien wol dy tusken boer wêze en gjin boer wêze. Foar my wie de jonge boer yn it ferhaal eins fuortendaliks de haadpersoan fan dit drama. Do kiest der foar om boer te wêzen mar foar dy tiid bist al sa berne. As it mei de leafde net slagget of met dyn wurk of dyn famylje, dan sikest in oare wei. Mar wat as dat allegear meielkoar fergroeid is? Wat hâldst dan noch oer?

Mar de oare kant is net minder boeiend. Hoe is it om as Amsterdamske te besykjen hjir yn Fryslân foet oan ‘e grûn te krijen? Hoe wolkom bist? Hoe frjemd bliuwst? Foar my wie dat ek in stikje persoanlike skiednis.

Mei In see fan lân woe ik al dy tsjinstellings en dwersferbannen byelkoar bringe. Ik woe sawol de opteinens as it ûngelok fan twa minsken dy’t elkoar leafhawwe sjen litte, mar ek hoe’t de minsken om harren hinne dêrop reagearje en eintsje beslút de folsleine mienskip wêryn’t him dat allegear ôfspilet. Want de komst fan Simone en har ferhâlding mei Sjoerd blike ek in ‘testcase’ foar it doarp ‘Randum’.

Twa boarnen ha my holpen my fierder te ferdjipjen yn it ûnderwerp. It earste is in hânsum boekje oer kommunikaasje yn it agrarysk famyljebedriuw: Wat de boer niet zegt van Truke Zeinstra út Bears. De twadde boarne fan ynspiraasje wie it boek De Hanenbalken: in goed lêsbere stúdzje fan kultureel antropologe Lizzy van Leeuwen oer selsmoard op it plattelân. Wisten jo dat dat ûnder boeren mear bart as ûnder oare beropsgroepen?

Lykwols, In see fan lân is perfoarst net in tryst stik wurden. As immen in nij libben begjint yn in skitterjende, nije omjouwing en dan ek noch de leafde fan har/syn libben tsjin komt dan moat it foaral spetterje en brûse. Alle misferstannen, koartsichtigens en ûnhandigens dêromhinne, dêr kin it bêste mei in soad humor de striid mei oangien wurde. Sa wol Snakkerbuorren it doarp Randum ek it leaust oan jo sjen litte: as in yndrukwekkend, fermaaklik skouspul.

    

Efter de skermen – 360º video

Nijsgjirrich?

Trailer ‘In see fan lân’

Iepenloftspul Snakkerbuorren proudly presents: In see fan lân, de trailer. Nijsgjirrich?

Kaartferkeap fan start!

Fansels wolst it iepenloftspul fan Snakkerbuorren ek dit jier net misse! Fan 1 maaie ôf kinst alfêst online dyn kaarten foar ien fan de foarstellings reservearje. Foar alle ynformaasje oer it bestellen fan kaarten en foarstellingsdata  sjochst by kaarten. De foarstellingsdata fynst ek noch ûnderoan de thússide. Wolst leauer telefoanysk reservearje? Dat kin ek. Fan 1 juny ôf  kinst ús fan moandei o/m freeds tusken 18.00 -18.30 oere berikke fia 06-11240202. Hâldt der yn dat gefal wol rekken mei datst dyn kaarten dan op de jûn fan de foarstelling kontant by de kassa ôfrekkenje moatst.

Graach oant sjen by ús op de tún!

Parseberjocht

Kaarten bestellen

Don Juan op Fries Straatfestival

Don Juan kaam ôfrûne wykein even lâns op it Fries Straatfestival yn Ljouwert om it publyk te ferlieden ta … uuuh ja, dat wit je mei Don Juan dus noait. Yn alle gefallen ferliede wy jim graach ta it bywenjen fan ien foarstellings by ús op de tún. Sjogge wy jim tusken 7 en 16 july? Kaarten reservearje kin no al fia dizze website.

Lentefeest en iepening nije iepenloftteater

Sneon 14 maaie fan 13.00-17.00 oere is it ‘lentefeest’ op de tún mei om 14.45 oere de offisjele iepening fan ús nije iepenloftteater. By ús op de tún wêze is al in feest op himsels mar tidens it ‘lentefeest’ binne der ek allerhanne aktiviteiten. De ‘plantjesmarkt’, in speurtocht, lamkes en knyntsje aaie, demonstraasjes abseilen út in beam, tekenjen, skilderjen en muzyk fan Liesbeth en Kevin. Ek foar de ‘inwendige mens’ wurdt soarge: priuw de sels bakte ‘lentekoekjes’, sop en pannekoeken en fansels is de bar iepen. Tagong fergees! Sjoch ek www.dedoarpstun.nl.

Opnames trailer Don Juan yn Wyns

Wy hoegden net lang te sykjen nei in geskikte lokaasje foar de opnames fan de trailer fan Don Juan. Foar it grutte houliksfeest fan ús haadpersoan foel ús each al gau op it romantyske tsjerkje fan Wyns. Kabels waarden útrôle, de tsjerke mei boulampen ekstra yn it ljocht set. Hiltsje, Henk en Nynke kamen mei tassen fol klean, huodden, strikken en oare feestlike aksessoires foar spilers en figuranten. De catering liet de kofje prottelje. En los mar. Don Juan stapte mei syn Elvira yn de houliksboat. Der waarden troch de brulloftsgasten hiel wat roazeblêdsjes struid……en ek wer opromme, foar al dy ferskillende takes fan kameraman Daniël Kolk. Mei tank oan Bert en Jochina út Wyns foar de hertlike ûntfangst en gastfrijheid. Besjoch de trailer >>>>