Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet ‘In lyts stikje alles’

Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet takom simmer it komyske drama In lyts stikje alles. Raymond Muller hat it stik spesjaal foar Snakkerbuorren skreaun. Earder skreau Raymond foar Snakkerbuorren it bysûndere Nei Man (2022). De regy is yn hannen fan Brecht Wassenaar.

It ferhaal
In lyts stikje alles is in tragy-komysk stik dat him ôfspilet op in camping. It is in mozaykferhaal wêryn’t ferskate personaazjes mei de leafde wrakselje. In fleurich stik mei serieuze ûndertoanen út it hjoeddeistige libben, lykas kommunikaasje, seksualiteit, dysels wêze, skieding en elkoar besykje te finen wylst elkoars taal net sprekst.

Foarstellings
Woansdei 25 juny (premjêre), freed 27 juny, sneon 28 juny, tiisdei 1 july, tongersdei 3 july, freed 4 july en sneon 5 july.

———–

Folgje Iepenloftspul Snakkerbuorren ek op Facebook en/of Instagram en/of meld dy oan foar ús nijsbrief. Us nijsbrief ferskynt heechút in pear kear jiers op mominten dat der écht wat te fertellen is. Leuk? Folje dan hjirûnder dyn emailadres yn.

Ja, ik meld my oan foar de nijsbrief fan Iepenloftspul Snakkerbuorren:

Graach oant sjen by ús op de tún!

Nijs

OPROP: wy sykje handige hantsjes en tûke timmeraars foar de bouploech

De bouploech fan it iepenloftspul is op syk nei entûsjaste bouwers om ithjoeddeistige team te fersterkjen. Foar it dekôr fan De Kommune [...]

In memoriam Bodes Kroes (1959-2022)

Samar ynienen, ein novimber, wie Bodes der net mear. Graach diele wy hjir it In memoriam oer Bodes út de Leeuwarder Courant fan freed 6 [...]