Boukje is, behalve de iennichste pakesizzer fan de ferstoarne Bouke Helfrich, ek de fertelster fan Galgen. It is oan har te tankjen dat it ferhaal fan Helfrich Bretels – foarmjûn as toanielstik yn widere rûnten bekend wurdt. De kommende wiken docht se op dit plak út ’e doeken wa’t wa is yn it drama fan de Helfrichs.