Akkemyn

Komyske duo’s yn ’e film en op it toaniel besteane faak út utersten. Grou en meager, grut en lyts, guodlik en koart foar de kop. As se net sa’n serieus fak útoefenen, soest hast sizze dat it duo Tine Skiep en Akkemyn ek yn dat rychje past.


Frou Skiep dy’t by in útfeart neat oan it tafal oerlitte wol, Akkemyn dy’t alle romte oan de neibesteanden jaan wol om harren gefoelens te uterjen. Unferwachte emoasjes nimt se graach op ’e keap ta.


Dat lêste sil ek wol mei har ferline te meitsjen ha. Se wie direkteur fan in fersoargingstehûs, mar dat is har folslein boppe de holle groeid. Se wie sa bot begien mei it lot fan de bewenners en it personiel fan it tehûs, dat se de saaklike kant wolris wat út it each ferlear. Mei grutte tekoarten as gefolch.


Se hat, fertelde se, in jier thús sitten mei in burn-out. Wat se dêrfan leard hat is dat it ferswijen fan jins ûnsekerheden en emoasjes it stomste is wat in minske dwaan kin. Wa’t altyd seit wat er op syn lever hat, rint neffens har fuort net tsjin in burn-out oan.