Stik en personaazjes

Galgen

It famyljebedriuw Helfrich leit him al fjouwer generaasje ta op de produksje fan heechweardig galgen. It stik spilet de dagen foarôfgeand oan de begraffenis fan Bouke Helfrich, de âld-direkteur dy’t op tachtichjierrige leeftyd stoarn is. Hy waard de lêste fiif jier pleage troch de sykte fan Alzheimer.

By de tariedingen fan de útfeart komt in soad âld sear boppen by de trije bern, Wybrand, Tsjitske en Margje. Se hawwe minne oantinkens oan in heit dy’t der altyd alles oan dien hat om de bern lyts te hâlden en oan te toanen dat se amper by him yn it skaad stean koene. Se komme foar de fraach te stean oft se dêr by de plechtichheid wol of net wat oer nei bûten bringe sille. De ferhâldingen wurde op skerp steld as bliken docht dat it bedriuw der lang sa goed net foarstiet as tocht waard.

Galgen is in befestiging fan de stelling fan Leo Tolstoi, dat alle lokkige famylje op elkoar lykje, mar dat alle ûngelokkige famyljes op har eigen wize ûngelokkich binne.

De personaazjes

  1. Bouke Helfrich (ca.80) – De krekt ferstoarne pater familias. Hy wie jierrenlang direkeur fan Helfrich Galgen. Hy jout yn in voice-over kommentaar op de gong fan saken en komt in pear kear út de kiste om de oantinkens fan syn bern oan him stal te jaan.

 

  1. Soan Wybrand Helfrich (rûn de 50)– De âldste. Is direkteur fan Helfrich Galgen. Frijfeint. Hat him jierrenlang ûnder it twingende aard fan syn heit dellein, mar wol – no’t dy dea is – einlings weromslaan.

 

  1. Dochter Tsjitske (rûn de 50) – Troud mei Arjen. Is it praktyske type dat trochpakt en oeral mei rêdt. Hat as iennichste fan ‘e bern it gymnasium dien, mar hat net studearre. Is sûnt twa jier kantinejuffer by Helfrich Galgen.

 

  1. Skoansoan Arjen (de man fan Tsjitske, rûn de 50) – Is Frysk skriuwer. Hat in pear kear in Rely Jorritsmapriis wûn. Syn ien nei lêste roman – Mei de bokkeprûk op foar Petrus – waard goed ferkocht, dêrnei is de merk foar Fryske boeken ynstoart.

 

  1. Dochter Margje (rûn de 50) – Is troud mei Reitse, hat ien dochter, Boukje. Se docht oan mindfullness, hat gâns oare kursussen folge om harsels te ûntwikkeljen. Is in sweefteef en wit dat fan harsels. Kin – troch de ynfloed fan har man Reitse – ek tige saaklik wêze.

 

  1. Skoansoan Reitse (de man fan Margje, rûn de 50) – Sakeman. Keapet fallissemintspartijen op en biedt dy te keap oan yn tydlike winkels. Hy sjocht himsels as in sielsferwant fan de ferstoarne en is der fan oertsjûge dat dy in swak foar him hie.

 

  1. Funerêr begelieder Tine Schaap (ein 50) – Bûtengewoan foarmlike frou dy’t der net fan hâldt dat minsken har Skiep neame. Se wol in stylfolle útfeart mei in deeglike kiste en dragers yn it swart.

 

  1. Pakesizzer Boukje (20-25) – Iennichst bern fan Margje en Reitse. Hat har stúdzje filosofy ôfbrutsen en hat foar harsels in besinningsperioade ynsteld om oer de takomst nei te tinken. Heit is it der net mei iens. Net mei filofosy, noch minder mei it ôfbrekken fan de stúdzje. Se is ek de fertelster fan it stik.

 

  1. Patrick (35-50) – Goede freon fan Wybrand, dy’t him klauwen fol jild kostet.

 

  1. Funerêr stazjêre Akkemyn (35-45) – Hat liedingjaande west yn de thússoarch. Hat nei in burnout keazen foar in karriêre yn de útfeartfersoarging. Wol neibesteanden alle romte jaan foar eigen rituelen.

 

  1. Fjouwer akteurs/aktrises yn de reklamespots foar Helfrich Galgen.