… en net in wâl te sjen
It iepenloftspul fan Snakkerbuorren spilet yn 2017 in poetysk leafdesdrama …. Oer de ûnmooglike leafde tusken de Fryske boeresoan Sjoerd en de tweintich jier âldere Simone út Amsterdam, tsjin de êftergrûn fan it libben op it Fryske plattelân fan hjoeddeis.
It ferhaal
As Simone in leechsteand doarpskafee op it Fryske plattelân keapet, hopet se har libben in nije rjochting te jaan. Se is yn Amsterdam opklommen ta in suksesfolle horekafrou, mar nei jierrenlang hurd wurkjen siket se rêst en romte. Mei har pubersoan Ruben – út in mislearre relaasje – beslút se nei Fryslân te ferhúzjen. Ek om wat te betsjutten foar har klanten en de mienskip.
Yn it doarp wurdt se troch de befolking ynearsten mei entûsjasme ûntfongen, ek omdat de oername fan it kafee -mei boppeseal – de rêding foar it sosjale libben yn it doarp wêze kin. Mar dat feroaret as bliken docht dat Simone wat mei Sjoerd krijt.
Sjoerd hat mei syn heit en mem in grutte boerepleats, krekt bûten it doarp. Hy is de troanpretendint fan de famylje en foarbestimd om it bedriuw oer te nimmen. Dochs bekrûpt Sjoerd hieltyd faker it gefoel dat hy ûntsnappe wol oan it libben dat foar him úttekene liket. At hy Simone op in dei treft, makket dat in soad yn him los: in frijfochten frou, dy’t skippen êfter har ferbrâne kin en it avontoer opsiket. By har fielt hy frijheid en waarmte.
Oarsom lit Sjoerd Simone ek net ûnferskillich. Yn de nije omjouwing liket se ynienen iepen te stean foar nije erfaringen. En ek al is Sjoerd in stik jonger, yn him werkent se in soulmate foar it libben. Sjoerd is op in wat naïeve wize stoer en manlik, mar foaral ek sêft en sykjende.
Der groeit in djippe leafde tusken Sjoerd en Simone …. Se lykje foarbestimd foarelkoar. Mar fine de doarpsbewenners dat ek? En Sjoerd syn heit en mem? Litte dy it libbensgelok fan harren soan foar de belangen fan harren boerebedriuw gean?
Sjoerd en Simone komme yn it each fan in orkaan telâne. Is harren leafde sterk genôch om dy stoarm te oerwinnen?
Auteur: Hans Brans
Rezjy: Wouter Daane
Dekôr: Marysia Jaworski
Klean: Henk Bosma
Fryske oersetting: Tineke Hoekstra
Winner Gouden Gurbe 2017 foar Beste Foarstelling!
Lês hjir it Juryrapport oer In See fan Lân