‘In see fan lân’ is spesjaal foar Iepenloftspul Snakkerbuorren skreaun troch Hans Brans. Wêrom naam Hans dy útdaging oan? En wêr helle hy syn ynspiraasje wei? Lês it hjir:

Ynspiraasjeboarnen foar ‘In see fan lân’
Troch Hans Brans

Boer zoekt vrouw ha ik noch nea sjoen. De boer as eksoatyske soart dy’t neat minskliks frjemd is – dêr ha ik net safolle mei. Miskien omdat ik in stêdsminske bin dy’t al tweintich jier njonken in boerefamylje wennet. Net dat ik boeren net begryp, mar de ferminging fan bedriuw en famylje, fan berop en identiteit, fyn ik wol fassinearjend. Krekt as it fergroeid wêze mei de grûn oan de iene kant en oan de oare kant it rjochte wêzen op de wrâldmerk en op hieltyd wer nije techniken. Dêrom spruts it stik út it Volkskrant Magazine dêr’t Gerard van der Veer mei oan kaam as idee foar in teaterfoarstelling yn Snakkerbuorren my fuortendaliks oan.

Yn de rubryk ‘Lust & Liefde’ fertelde in Amsterdamske frou oer hoe’t sy fereale rekke op in boeresoan dy’t tweintich jier jonger wie as har. Yn Amsterdam hie sy fiif kroegen runt, mar yn Fryslân woe se op ‘e nij begjinne. Sa’n leafde is lykwols freegjen om swierrichheden. Der is net allinne it grutte ferskil yn leeftyd en ôfkomst en kultuer, yn stêd en plattelân, mar it grutste ferskil is miskien wol dy tusken boer wêze en gjin boer wêze. Foar my wie de jonge boer yn it ferhaal eins fuortendaliks de haadpersoan fan dit drama. Do kiest der foar om boer te wêzen mar foar dy tiid bist al sa berne. As it mei de leafde net slagget of met dyn wurk of dyn famylje, dan sikest in oare wei. Mar wat as dat allegear meielkoar fergroeid is? Wat hâldst dan noch oer?

Mar de oare kant is net minder boeiend. Hoe is it om as Amsterdamske te besykjen hjir yn Fryslân foet oan ‘e grûn te krijen? Hoe wolkom bist? Hoe frjemd bliuwst? Foar my wie dat ek in stikje persoanlike skiednis.

Mei In see fan lân woe ik al dy tsjinstellings en dwersferbannen byelkoar bringe. Ik woe sawol de opteinens as it ûngelok fan twa minsken dy’t elkoar leafhawwe sjen litte, mar ek hoe’t de minsken om harren hinne dêrop reagearje en eintsje beslút de folsleine mienskip wêryn’t him dat allegear ôfspilet. Want de komst fan Simone en har ferhâlding mei Sjoerd blike ek in ‘testcase’ foar it doarp ‘Randum’.

Twa boarnen ha my holpen my fierder te ferdjipjen yn it ûnderwerp. It earste is in hânsum boekje oer kommunikaasje yn it agrarysk famyljebedriuw: Wat de boer niet zegt van Truke Zeinstra út Bears. De twadde boarne fan ynspiraasje wie it boek De Hanenbalken: in goed lêsbere stúdzje fan kultureel antropologe Lizzy van Leeuwen oer selsmoard op it plattelân. Wisten jo dat dat ûnder boeren mear bart as ûnder oare beropsgroepen?

Lykwols, In see fan lân is perfoarst net in tryst stik wurden. As immen in nij libben begjint yn in skitterjende, nije omjouwing en dan ek noch de leafde fan har/syn libben tsjin komt dan moat it foaral spetterje en brûse. Alle misferstannen, koartsichtigens en ûnhandigens dêromhinne, dêr kin it bêste mei in soad humor de striid mei oangien wurde. Sa wol Snakkerbuorren it doarp Randum ek it leaust oan jo sjen litte: as in yndrukwekkend, fermaaklik skouspul.