It iepenloftspul fan Snakkerbuorren giet dizze simmer net troch. Yn ferbân mei de beheinings en ûnsekerheden dy’t der op dit stuit troch it Corona-firus binne, leit it repetysjeproses te lang stil en rinne tariedings, bygelyks de dekôrbou, te folle fertraging op. Besletten is om it stik in jier troch te skowen. Galgen sil dêrom yn juny 2021 sân kear opfierd yn it smûke iepenloftteater fan de Doarpstún op Snakkerbuorren. De regy bliuwt yn hannen fan Karin Idzenga. Data wurde letter bekend makke.
Galgen
Galgen is in swarte komeedzje fan sjoernalist/skriuwer én Snakkerbuorster Sietse de Vries. It spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik giet oer in famyljebedriuw dat him al fjouwer generaasjes taleit op de produksje fan heechweardige galgen (bretels).
Nei’t Bouke Helfrich, de âld-direkteur fan ‘Helfrich Galgen’, op tachtichjierrige leeftyd stoarn is, komme syn trije bern thús foar de tariedingen fan de begraffenis. Geandewei blykt dat moaie herinnerings oan heit fier te sykjen binne. De famyljeferhâldings komme lykwols ûnder druk te stean as der in tal ûnferwachte saken oan it ljocht komme dêr’t net ien bliid mei is. Wat sil dêr by de plechtichheid oer nei bûten brocht wurde?
Kontaktynformaasje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Piter Zwart fan de Iepenloftspulkommisje, 06-12069958
Foto: © Marte
Freed 18 oktober de jûns wie it wer tiid foar de tradysjonele ôfsluter fan it…
SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de…
Kommende simmer spilet Iepenloftspul Snakkerbuorren, lykas bekend, 'Andorra' fan deSwitserske skriuwer Max Frisch. In foarstelling…
As tradysjonele ôfsluting fan it iepenloftspullen-seizoen waarden op freed 13 oktober lêstlyn ynteater Snits wer…
Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne,…