Categories: Nijs

Iepenloftspul ‘Galgen’ yn septimber 2021

In jier en in simmerfakânsje letter as de bedoeling wie, is op 15 septimber 2021 de premjêre fan
iepenloftspul ‘Galgen’. Trije spilers moasten fanwegen oare ferplichtingen ôfheakje, foar it oare
wurde de linen dy’t foarich jier útset binne safolle mooglik trochlutsen.

Om’t no noch net te sizzen is hokker koroanaregels yn septimber noch jilde, hiere wy spesjaal foar dit
jier in ekstra tribune. Oardel meter ôfstân hâlde is, mocht dat dan noch nedich wêze, gjin probleem.

‘Galgen’ is de titel fan de swarte komeedzje dy’t skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries út
Snakkerbuorren spesjaal foar it iepenloftspul op ’e Doarpstún skreaun hat. De op tachtichjierrige
leeftyd ferstoarne Bouke Helfrich wie in tige achtenearre lid fan de mienskip. Mei syn wiisheid en
saaklik ynsjoch hat er Helfrich Bretels, it bedriuw dat syn oerpake Wybrand oait oprjochte, útboud ta
de grutste produsint fan kwaliteitsgalgen yn Nederlân.

De dagen foarôfgeand oan ’e begraffenis tinke syn trije bern werom oan de minder achtenearre
kanten fan Bouke Helfrich. Direkteur Wybrand, kantinejuffer Tsjitske en yogabeoefener Margje
wrakselje elk op har eigen manier mei wat se fan heit syn pedagogyske feardichheden oprûn ha. Hoe
earlik mei Wybrand dêr as âldste soan oer fertelle yn syn taspraak op ’e begraffenis? Wat stiet de ek
tige achtenearre útfeartlieder Tine Schaap him dêrby ta?

Karin Idzinga, dy’t earder in Gouden Gurbe wûn mei ‘De dame komt’ yn Snakkerbuorren, fiert de
regy. Se wurdt assistearre troch Hester Bron. ‘Galgen’ wurdt op de planken brocht troch Baukje
Hiemstra, Jelly Krol, Annemarije Methorst, Theo van der Molen, Anja Steegstra, Jildou Talman, Jacob
de Vries, Sietse de Vries, Klaas Zwart en Piter Zwart.

Fan 15 septimber (premjêre) ôf binne der foarearst noch 8 foarstellings pland mei yn alle gefallen de
lêste foarstelling op sneon 25 septimber. Ynkoarten sille de definitive data bekend makke wurde.
Folgje Iepenlofspul Snakkerbuorren ek op Facebook en/of Instagram om op de hichte te bliuwen.

Iepenloftspul Snakkerbuorren

Share
Published by
Iepenloftspul Snakkerbuorren

Recent Posts

In memoriam Piter Zwart

SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de…

1 maand ago

Iepenloftspul Snakkerbuorren siket figuranten

Kommende simmer spilet Iepenloftspul Snakkerbuorren, lykas bekend, 'Andorra' fan deSwitserske skriuwer Max Frisch. In foarstelling…

2 maanden ago

Nij logo!

Is it dy al opfallen? Us nije logo? Sjochst de sinne dy’t oer de Doarpstún…

6 maanden ago

Gouden Gurbes 2023

As tradysjonele ôfsluting fan it iepenloftspullen-seizoen waarden op freed 13 oktober lêstlyn ynteater Snits wer…

6 maanden ago

Ekstra foarstelling fan De Kommune

Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne,…

10 maanden ago

Premjêre 28 juny en foarstelling 8 july útferkocht

De kaartferkeap giet dat it slydjaget. Underwilens binne sawol de premjêre op woansdei 28 juny…

10 maanden ago