Wybrand

Apart dat trije bern út deselde húshâlding, dy’t troch deselde heit grutbrocht binne, sa fan elkoar ferskille kinne. Us mem altyd dwaande mei har persoanlik groei, tante Tsjitske ynbannich en fol belangstelling foar in oar en omke Wybrand dy’t – tink ik wolris – folslein yn syn eigen wrâld libbet.


Wybrand is al in oantal jierren direkteur fan Helfrich Galgen. Mar soms tinke ús mem en ik dat it direkteur-wêzen suver wat in spultsje foar him is. Hy docht echt wol syn bêst om it bedriuw sa goed mooglik te lieden – it is oan him te tankjen dat der no ek galgen yn oare kleuren te keap binne as yn
de tradisjonele Helfrich-kleuren – mar soms wit net ien fan de meiwurkers wat se krekt oan him hawwe.

It is al in pear kear bard dat er freed oan de ein fan ’e moarn tsjin it personiel sei dat er in ôfspraak yn Amsterdam hie: oft ien fan de oaren ôfslute koe. Oft dy ôfspraak mei it wurk te meitsjen hie of
persoanlijk wie, nimmen dy’t it wist.

Neffens ús mem hie Wybrand as jonge al wat artistyks en seach er faak wat oars tsjin de dingen oan
as de measte minsken. Dat soe de reden wêze dat er oars is as oare direkteuren.