Categories: Nijs

Snakkerbuorren spilet ‘Fan mûzen en mannen’

Dizze simmer sil de teaterbewurking fan it wrâldferneamde ‘Of mice and men’ fan John Steinbeck as iepenloftspul opfierd wurde yn it iepenloftteater op de Doarpstún fan Snakkerbuorren. ‘Fan mûzen en mannen’ fertelt it ferhaal fan de bysûndere freonskip tusken George en de geastlik beheinde Lennie. Jan van der Leij fan Wyns, ek belutsen as spiler, makke spesjaal foar Iepenloftspul Snakkerbuorren in Fryske oersetting fan it stik. De regy is yn hannen fan Karin Idzenga fan Snits. Sy tekene earder yn Snakkerbuorren foar de regy fan it suksesfolle ‘De dame komt’(2014). ‘Fan mûzen en mannen’ giet op woansdei 26 juny yn premjêre.

Fan mûzen en mannen

It stik spilet him ôf yn de jierren ’30 fan de foarige ieu yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr te wurkjen. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om’t de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft mei de nedige gefolgen. Op de nije lokaasje begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen om in eigen pleatske te hawwen mei gewaaks, kninen en oare bisten soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta. ‘Fan mûzen en mannen’ is rau en leafdefol, humoristysk en oangripend.

Spyldata: 26,28 en 29 juny, 3,4,5 en 6 july 2019.

Iepenloftspul Snakkerbuorren

Share
Published by
Iepenloftspul Snakkerbuorren

Recent Posts

In memoriam Piter Zwart

SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de…

2 maanden ago

Iepenloftspul Snakkerbuorren siket figuranten

Kommende simmer spilet Iepenloftspul Snakkerbuorren, lykas bekend, 'Andorra' fan deSwitserske skriuwer Max Frisch. In foarstelling…

2 maanden ago

Nij logo!

Is it dy al opfallen? Us nije logo? Sjochst de sinne dy’t oer de Doarpstún…

6 maanden ago

Gouden Gurbes 2023

As tradysjonele ôfsluting fan it iepenloftspullen-seizoen waarden op freed 13 oktober lêstlyn ynteater Snits wer…

6 maanden ago

Ekstra foarstelling fan De Kommune

Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne,…

10 maanden ago

Premjêre 28 juny en foarstelling 8 july útferkocht

De kaartferkeap giet dat it slydjaget. Underwilens binne sawol de premjêre op woansdei 28 juny…

11 maanden ago