Fan mûzen en mannen is de Fryske teaterbewurking fan it wrâldferneamde Of mice and men fan John Steinbeck en giet oer de bysûndere freonskip tusken George en de ferstanlik beheinde Lennie.
It stik spilet him ôf yn de jierren ’30 fan de foarige ieu yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr te wurkjen. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om’t de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft mei de nedige gefolgen.
Op de nije lokaasje begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen om in eigen pleatske te hawwen mei gewaaks, kninen en oare bisten soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta. Fan mûzen en mannen is rau en leafdefol, humoristysk en oangripend.
Regy: Karin Idzenga
Regy-assistinsje: Dick Gardenier
Fryske oersetting: Jan van der Leij
Foarmjouwing dekôr: Marysia Jaworski
Klean: Henk Bosma-Ziel
Spilers: Matthijs van Dieren, Jan van der Leij, Piter Zwart, Theo van der Molen, Dick Gardenier, Symen Sjoerd de Vries, Nynke Dijkstra, Jan de Jong, Jacob de Vries, Jillis Tingen, Klaas Zwart