Gjin iepenloftspul dit jier. Snakkerbuorren naam efkes in break. Wol organisearren wy begjin septimber in ienakterfestival, wêrby’t rûnom yn it doarp koarte foarstellings jûn waarden op bysûndere lokaasjes yn de iepenloft. Nei it skoft spile Tet Rozendal op ‘e Doarpstún foar in útferkocht hûs har foarstelling oer de legindaryske dûnseres en masterspionne Mata Hari. In jûn fol muzyk, dûns en sang mei Fryske en Frânske ynfloeden.
Mata Hari
De foarstelling fertelt oer Margriet Zelle har jeugd yn Ljouwert, it dramatyske ferlies fan har soantsje, har skieding en it beslút om sûnder har dochter ôf te reizigjen nei Parys. Dêr wachtet Mata Hari in nij libben as dûnseres yn de tiid fan de Earste Wrâldoarloch mei wylde feesten, rom, rykdom, manlju yn unifoarm en in leafde dy’t har yn 1917 yn Frankryk fataal wurdt.
Spul en tekst: Tet Rozendal
Muzikale begelieding: Erik de Reus
Ljocht en lûd: Remko Smids
Ienakterfestival
Trije wiken foar dizze prachtige teaterjûn,wienen tolve spilers ûnder oanfiering fan regisseur Judith Mulder al drok yn ’t spier mei it skriuwen en ynstudearjen fan fjouwer ienakters, ynspirearre op it tema spionaazje yn de breedste sin fan it wurd. Dat soarge foar ferrassende foarstellings, dy’t op ferskillende lokaasjes yn it doarp opfierd waarden, sa as op it wetter fan de Dokkumer Ie en yn, om en op it hûs fan Sietse de Vries en Ytsje Noordenbos.
Rezjy: Judith Mulder
Spul en tekst: Pietrix M, Annelies de Boer, Sietse de Vries, Ytsje Noordenbos, Pieter Dirk Sikkema, Wietze Wedman, Nynke Jensma, Sietske Veenstra, Ria Kamminga, Lucas Douwe van der Veer, Emma Rixt Zwart, Anne Marthe Zwart