2013 Fausto & Giulia

2013: Fausto & Giulia

Ek dit jier in Fryske premjêre. Fausto & Giulia fertelt it wier gebeurde ferhaal oer de wrâldferneamde Italiaanske hurdfytser Fausto Coppi. Under lieding fan Biagio Cavanna, in bline masseur, groeide Coppi út ta ien fan de bekendste hurdfytsters dy’t Italië ea hân hat. Hy wûn bygelyks 2 kear de Tour de France, 4 kear de ronde fan Italië en wie wrâldkampioen op de dyk en op de baan. Hy wie ek de útfiner fan de  ploegentaktyk.

Fausto & Giulia is in stik oer it libben fan Fausto Coppi: syn opkomst, karjêre, de striid op de fyts mei syn grutte konkurrint Gino Bartalli, it libben yn Italië om WOII hinne, de froulju yn syn libben, syn grutte ferbeane leafde Giulia (ek wol ‘la dama bianca’), de wrakseling mei syn gigantyske populariteit en úteinlik syn tragyske delgong en dea.

Rezjy: Luuk Eisema
Rezjy-assistinsje: Klaas-Jaap van der Heide
Skriuwer: Paul Feld, bewurking Luuk Eisema, Fryske oersetting Sjoukje Jager
Foarmjouwing dekôr en klean: Marysia Jaworski
Sjongeres: Pietrix Rosendal
Spilers: Cas Zijlstra, Sjoukje Jager, Ytsje Noordenbos, Jolanda Haven, Matthijs van Dieren,
Theo van der Molen, Gerard van der Veer, Sietse de Vries, Klaas Zwart en Piter Zwart, Lisa Romkes, Dick Gardenier, Grytha Visser

Trailer

Foto’s

2013 Fausto & Giulia