Tiid foar hiel wat oars: komeedzje! Mei Falskspilers brocht iepenloftspul Snakkerbuorren yn 2012 de Fryske premjêre fan Alan Ayckbourns A chorus of disapproval (yn it Nederlânsk is it stik bekend ûnder de titel Ons kent ons). It stik wurde spesjaal foar ús iepenloftspul oersetten troch Aafje Stolte.
Yn Falskspilers hannelt it oer in operetteferiening dy’t ‘The beggars opera’ foar it fuotljocht bringe wol. It repetysjeproses ferrint lykwols net sûnder wryt of slyt. Njonken hieltyd werkommende problemen mei de rolbesetting is der sprake fan gekonkel, rabberij en amoereuze kwestjes. Slagget it de ambisjeuze en hjithollige regisseur fan it selskip om de foarstelling op ‘e tiid of te krijen? En wat wol elkenien dochs fan dy nije spiler….
Rezjy: Grytha Visser
Rezjy-assistinsje: Gerdundula Lodewijks
Skriuwer: Alan Ayckbourn, Fryske oersetting Aafje Stolte
Foarmjouwing dekôr en klean: Marysia Jaworski
Muzikale coaching en begelieding: Jildou Talman
Spilers: Bodes Kroes, Gerard van der Veer, Jolanda Haven, Sjoukje Jager, Freddie Reijenga, Renie Zuiderveld, Dick Gardenier, Ytsje Noordenbos, Theo van der Molen, Lisa Romkes, Judith Ytsma,
Dirk van Weerden, Jildou Talman, Gerdundula Lodewijks