Iepenloftspul Snakkerbuorren brocht yn 2011 mei It Kersehôf (De Kersentuin) fan Anton Tsjechov ien fan de grutste toanielklassiekers út de skiednis op’e planken. De teloargong fan in Russyske wolstelde famylje en syn bûtenpleats gie op freed 1 july op’e Doarpstún fan Snakkerbuorren yn premjêre. It oantal foarstellings waard nei it suksesfolle Tramlijn Begeerte yn 2010 útwreide nei sân. Ek de publykskapasiteit fan it lytste iepenloftteater fan Fryslân wurde flink útwreide fan 100 nei 140 plakken.
Yn It Kersehôf draait it allegear om lâneigneresse Ljoebov. It ferlies fan har jongste soan Griesja hat har nei Parys dreaun. Nei fiif jier keart se mei har famylje en entûraazje werom op har Russyske bûtenpleats mei kersetún. It famyljefermogen is der yn Frankryk trochhinne jage. De keapman Lopachien liket mei in goed trochtocht plan Ljoebov en har famylje fan de ûndergong te rêden. Hy wol simmerhúskes bouwe op it terrein, mar de kersetún sil dan wol kapt wurde moatte. Ljoebov liket de earnst fan de saak net yn te sjen en kiest derfoar mei sletten eagen te dûnsjen op de fulkaan.
Rezjy: Grytha Visser
Rezjy-assistinsje: Freddy Reijenga
Skriuwer: Anton Tsjechov, Fryske oersetting …./Tryater
Foarmjouwing dekôr en klean: Marysia Jaworski
Muzyk: Albert Smit & Petra Eckhart
Spilers: Sjoukje Jager, Judith Ytsma, Jolanda Haven, Freddy Reijenga, Sietse de Vries, Gerard van der Veer, Dick Gardenier, Gerard Jongens, Elly Dijkstra-van Zutphen, Theo van der Molen, Yuri Disseldorp, Lisa Romkes, Famke