Reitse

Sa’k sei, ik hoopje net dat ús heit aanst ôftinget op de kiste of de blommen. Hy is der ta by steat. ,,Moat dy kiste 4000 euro kostje? Yn gjin tûzen jier, ik bied 3000. Graach of net.’’ Ik haw wolris tocht, as se genôch opsmiet, soe er sels ús mem ferkeapje.


Dat lêste is in grapke fansels. Djip yn syn binnenste is er in goed minske. Allinne soms krekt wat oars as oars. Sa’t de ien der alles oan docht om in goeie fioelist of fuotballer te wurden, sa hat ús heit der alles oan dien om him as keapman te ûnderskieden. Miskien wol as kompinsaasje foar dat er der as bern faak mar in bytsje by hong. Hy wie nergens echt goed yn,
hat er my wolris ferteld, net op skoalle, net op it fuotbalfjild, op gjin inkeld plak.


Dat is er no wol, want ik bin der wis fan dat er goed is yn syn wurk. Dat er in noas hat foar hannel. Oft it no om boarterspoppen of teedoeken giet, it slagget heit altyd wer om se mei in moaie winst te ferkeapjen. En dat komt neffens my om’t it him mear op it spultsje fan it loovjen en bieden te dwaan is as om it jild. Dêr giet it neffens my om yn it libben: datst wille
belibbest oan watst dochst. Ast wille hast, is jild bysaak.