Perzyske kleden
Foar de bewenners fan De Kommune binne Perzyske flierleden ûnmisber foar in gesellich húshâlden. Kleden om oer te rinnen, om op te sitten en te lizzen, om alles te dwaan dat fan in groep minsken in mienskip makket.
Foar it iepenloftspul hawwe wy dan ek ferlet fan in hiele steapel fan dy kleden. Oan minsken dy’t ien of mear âlde Perzyske kleden oer hawwe en it iepenloftspul fan Snakkerbuorren in waarm hert tadrage de fraach oft se dy oan ús ôfstean wolle.
Graach kontakt opnimme mei assistint-regisseur Rudi Stuve, rudistuve@me.com, 06 5586 8745
Nei it Praathûs op ’e Doarpstún bringe kin ek.