Hy stie samar by ús foar de doar, of krekter sein, hy stie samar by de famylje yn ’e keamer. As hie er al jierren mei ús befreone west. En dan wie er ek, allinne net mei de famylje, mar mei ien fan de famyljeleden: wybrand.
Ik haw him no in pear kear meimakke, mar wa’t er echt is? Hy hat wat artistyks, it soe my net fernuverje as er skriuwer of skilder of sjonger wie. Wat er ek docht, hiel ferneamd is er der net mei wurden, ik hie teminsten noch noait fan him heard. Amsterdam – dêr wennet er – is fansels in grutte
stêd. It tilt der grif op fan de keunstners fan wa’t wy hjir noch noait heard ha.
Eefkes ha’k noch tocht dat er miskien in fotomodel is dat reklame makket foar de galgen fan Helfrich, mar dat wie net sa. Fan omke Wybrand ha’k begrepen dat se elkoar al in moai skoft kenne en elkoar ek geregeld sjogge. Mooglik is de relaasje ek net saaklik, mar binne se gewoan mei elkoar befreone.
Apart is wol dat Patrick krekt no, fuort nei it ferstjerren fan pake Bouke, opdûkt.
Freed 18 oktober de jûns wie it wer tiid foar de tradysjonele ôfsluter fan it…
SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de…
Kommende simmer spilet Iepenloftspul Snakkerbuorren, lykas bekend, 'Andorra' fan deSwitserske skriuwer Max Frisch. In foarstelling…
As tradysjonele ôfsluting fan it iepenloftspullen-seizoen waarden op freed 13 oktober lêstlyn ynteater Snits wer…
Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne,…