Pake Bouke

Pake is dea. Ik wit it, it klinkt hurd, mar yn ’e twa jier dat ik filosofy studearre, ha ’k leard om de feiten noait moaier foar te stellen as se binne. Us mem frege my oft ik it ek wat oars sizze koe, bygelyks ‘pake is overleden’. Krekt as soe er dêr minder dea fan wêze.

Pake prate der soms nuver yn om de lêste pear jier. Oer hoe muzikaal er wie, oer hoe goed er leare en fuotbalje koe. De iene kear moast ik derom laitsje, de oare kear skamme ik my en soms wie ik ek wol in bytsje grutsk.


Wat folle belangriker is as dy lêste pear jier, doe’t er hieltyd deminter waard, binne de oantinkens oan earder. Oan dat er my as lyts famke op ’e knibbels naam en – my op en del stuiterjend – song: ,,Hop hop hynke/nei Ljouwert om in skynke/nei Snits om in witebrea/ride wy alle hynders dea’’. Jim lêze it goed: net ‘ride wy oant alle hynders overleden binne’, mar
gewoan ‘dea’. By it wurd ‘dea’ die er de knibbels út elkoar en liet er my op ’e grûn sakje. Ik wit net wa’t de measte wille hie, pake of ik, wy laken om it hurdst.


Mar goed, pake is der net mear. De begraffenis is oer in pear dagen. Ik hoopje dat ús heit it net te mâl docht. Hy is by steat om krekt sa lang by de begraffenislieder ôf te tingjen dat dy lilk fuortrint. En dat ús heit dan seit: ,,Dy komt wol werom. Hannel is hannel.’’