Nij stik fan Sietse de Vries as iepenloftspul yn Snakkerbuorren
Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet takom jier Galgen, in stik fan sjoernalist/skriuwer én Snakkerbuorster Sietse de Vries. It spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik giet oer in famyljebedriuw dat him al fjouwer generaasje taleit op de produksje fan heechweardige galgen (bretels).
Galgen spilet him ôf op de dagen foarôfgeand oan de begraffenis fan Bouke Helfrich, de âld-direkteur dy’t op tachtichjierrige leeftyd stoarn is. By de tariedingen komt in oantal ûnferwachte saken oan it ljocht dêr’t net ien fan ’e famyljeleden bliid mei is. De trije bern fan Bouke Helfrich komme foar de fraach te stean wat se dêr by de plechtichheid oer nei bûten bringe sille. Galgen is in famyljedrama mei in skerp humoristysk rântsje.
Karin Idzenga docht de regy, Marysia Jaworski de foarmjouwing. De audysje is op sneon 30 novimber De foarstellingen binne 17, 19, 20, 23, 25, 26 en 27 juny 2020. Sjoch foar mear ynformaasje op www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.