Margje

Soms freegje ik my wolris ôf hoe’t ús heit en mem elkoar oait fûn ha. Us heit in keapmantsje dat rommelmerken ôfstrúnde om hannel; ús mem in direkteursdochter dy’t har oerjoech oan de meast sweverige hobby’s. De iene dei stoarte se har op reiki, de oare deis siet se te meditearjen, wer in dei letter woe se allinne griente ite dy’t by ljochtskynmoanne siedde wie.


It iennschste dêr’t se altyd mei trochgien is, is yoga. Sa lang ik it my yn ’t sin bringe kin, docht se dat. Ienkear wyks in groepsles, alle oare dagen rôlet se it matsje thús út foar de sinnegroet en oare poases dy’t neffens har geast en lichem linich hâlde.


It moaie fan ús mem is dat se tagelyk aardich nuchter bliuwt. Oars hie se it ek noait sa lang úthâlden mei ús heit fansels. Se soe graach wolle dat wy sa no en dan mei har meidiene, mar as heit en ik sizze dat wy dêr gjin nocht oan ha, leit se har dêr yn ’e regel ek frij maklik by del.


Se wit fansels ek wol dat se it oan heit te tankjen hat dat se har gong gean kin. Dat se it iene wykein op Skylge is om meditatyf te sjongen en in pear wike letter foar fiif dagen nei Frankryk ôfset om har eigen ynderlik yn wetterferve fêst te lizzen, kin allinne om’t ús heit it betellet. Soe dat echte leafde wêze?