Iepenloftspul ‘Galgen’ yn septimber 2021

In jier en in simmerfakânsje letter as de bedoeling wie, is op 15 septimber 2021 de premjêre fan iepenloftspul ‘Galgen’. Trije spilers moasten fanwegen oare ferplichtingen ôfheakje, foar it oare wurde de linen dy’t foarich jier útset binne safolle mooglik trochlutsen. Om’t no noch net te sizzen is hokker koroanaregels yn septimber noch jilde, hiere wy spesjaal foar dit jier in ekstra tribune. Oardel meter ôfstân hâlde is, mocht dat dan noch nedich wêze, gjin probleem. ‘Galgen’ is de titel fan de swarte komeedzje dy’t skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries út Snakkerbuorren spesjaal foar it iepenloftspul op ’e Doarpstún skreaun hat. De op tachtichjierrige leeftyd ferstoarne Bouke Helfrich wie in tige achtenearre lid fan de mienskip. Mei syn wiisheid en saaklik ynsjoch hat er Helfrich Bretels, it bedriuw dat syn oerpake Wybrand oait oprjochte, útboud ta de grutste produsint fan kwaliteitsgalgen yn Nederlân. De dagen foarôfgeand oan ’e begraffenis tinke syn trije bern werom oan de minder achtenearre kanten fan Bouke Helfrich. Direkteur Wybrand, kantinejuffer Tsjitske en yogabeoefener Margje wrakselje elk op har eigen manier mei wat se fan heit syn pedagogyske feardichheden oprûn ha. Hoe earlik mei Wybrand dêr as âldste soan oer fertelle yn syn taspraak op ’e begraffenis? Wat stiet de ek tige achtenearre útfeartlieder Tine Schaap him dêrby ta? Karin Idzinga, dy’t earder in Gouden Gurbe wûn mei ‘De dame komt’ yn Snakkerbuorren, fiert de regy. Se wurdt assistearre troch Hester Bron. ‘Galgen’ wurdt op de planken brocht troch Baukje Hiemstra, Jelly Krol, Annemarije Methorst, Theo van der Molen, Anja Steegstra, Jildou Talman, Jacob de Vries, Sietse de Vries, Klaas Zwart en Piter Zwart. Fan 15 septimber (premjêre) ôf binne der foarearst noch 8 foarstellings pland mei yn alle gefallen de lêste foarstelling op sneon 25 septimber. Ynkoarten sille de definitive data bekend makke wurde. Folgje Iepenlofspul Snakkerbuorren ek op Facebook en/of Instagram om op de hichte te bliuwen.