Ekstra foarstelling fan De Kommune
Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne, komt der snein 9 july in ekstra foarstelling. De oanfangstiid is 21.00 oere. Kaarten bestelle kin op iepenloftspulsnakkerbuorren.nl
De Kommune is in komysk drama fan Thomas Vinterberg – ek bekend fan Festen en Jagten – en Mogens Rukov. It stik fertelt it ferhaal fan it echtpear Erik en Anna dat in kommune begjint yn de grutte filla dy’t Erik fan syn âlden erft. De fleurige demokratysk anargy fan de earste moannen slacht om as Erik ferlyfd wurdt op de folle jongere Emma en ek sy har yn de kommune nei wenjen set.
Bouke Oldenhof sette it stik fan it Deensk oer yn it Frysk, de regy is yn hannen fan Brecht Wassenaar.