Arjen

Fan omke Arjen, de man fan Tsjitske, ha’k noait goed hichte krije kind. Hy wie altyd learaar Nederlânsk en Frysk op in skoalle yn Ljouwert, yn syn frije tiid skreau er boeken. Altyd yn it Frysk, dat wie him mear eigen as it Nederlânsk, sei er.


Hy hat fiif romans en in ferhalebondel skreaun. Syn grutste sukses wie Mei de bokkeprúk op foar Petrus. Dêryn rekket er op humoristyske wize ôf mei syn swier-kristlike opfieding. It krige goeie resinsjes, foar Fryske begripen wie it in bestseller.


Doe’t er hearde dat ik filosofy studearre yn Grins, is er op jierdeifeestjes in pear kear út himsels mei my begûn te praten. Hy wie it dy’t my útlei wat Socrates mei syn lêste wurden bedoelde. ,,Crito, wy binne Asklepios in hoanne ferskuldige; betelje him, ferjit it net.’’ As immen wist dat er stjerre soe, waard der in hoanne offere om der wis fan te wêzen dat de deade in goed plakje yn ’e ûnderwrâld krige. Mar it is bêst mooglik, sa sei Arjen, dat Socrates dêr – om’t er net yn goaden leaude – krekt folslein de gek mei hie.


De lêste tiid kin Arjen faak sa synysk út ’e hoeke komme. Soe it wêze om’t syn nijste boek folle minder goed ferkocht as De bokkeprúk? It falt my op dat er op feestjes it measte drinkt fan elkenien. Ik hoopje foar Tsjitske dat er net oan ’e drank rekket.