2022: Nei Man

Nei Man

Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet dizze simmer Nei Man fan Raymond Muller, in tragykommeedzje mei byldzjende en absurdistyske eleminten, ûnder regy fan Brecht Wassenaar. Dit spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik spilet him ôf op in plak dêr’t de stêd en it plattelân elkoar reitsje – in soarte fan Snakkerbuorren.

It ferhaal
Wat litte je efter as je net mear libje? Nei Man giet oer in man dy’t altyd neffens de rigeltsjes libbe hat. As hy te hearren krijt dat hy net lang mear te libjen hat, begjint syn wrâld te wankeljen. Wie dit it? Dan komt er in jonge frou tsjin dy’t him ynspirearret om op syk te gean nei de sinjouwing fan syn libben. Yn dy syktocht treft er allerhanne minsken dy’t him sjen, fiele en erfare litte hoe’t sinjouwing der (ek) út sjen kin. Elk hat syn eigen syktocht. Mar wat bestjut dit foar it lêste eintsje libben fan Man? En wat is der nei him, nei Man?

Byldregistraasje