2021: Galgen

Galgen

Galgen is in swarte komeedzje oer in famylje fol geheimen fan sjoernalist/skriuwer én Snakkerbuorster Sietse de Vries. It spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik giet oer in bysûnder famyljebedriuw dat him al fjouwer generaasjes taleit op de produksje fan heechweardige galgen (bretels).

Nei’t Bouke Helfrich, de âld-direkteur fan ‘Helfrich Galgen’, op tachtichjierrige leeftyd stoarn is, komme syn trije bern thús foar de tariedingen fan de begraffenis. Geandewei blykt dat moaie herinnerings oan heit fier te sykjen binne. De famyljeferhâldings komme lykwols ûnder druk te stean as der in tal ûnferwachte saken oan it ljocht komme dêr’t net ien bliid mei is. Wat sil dêr by de plechtichheid oer nei bûten brocht wurde?

De regy is yn hannen fan Karin Idzenga. Se wurdt assistearre troch Hester Bron. Galgen wurdt op de planken brocht troch Baukje Hiemstra, Jelly Krol, Annemarije Methorst, Theo van der Molen, Anja Steegstra, Jildou Talman, Jacob de Vries, Sietse de Vries, Klaas Zwart en Piter Zwart.

Foto’s

Fotografy: Luka Zwart

Repetysje 21 augustus 2021
DSC_2081DSC_2079DSC_2074

Repetysje 21 augustus 2021

Repetysje 3 july 2021
DSC_1835DSC_1812DSC_1803

Repetysje 3 july 2021

Repetysje 19 juny 2021
DSC_1589DSC_1585DSC_1581

Repetysje 19 juny 2021

Earste bûtenrepetysje 2021
DSC_1372-min-1DSC_1369-min-1DSC_1360-min-1

Earste bûtenrepetysje 2021