2008: Lok
Bestiet ‘lok’ eins wol? Ymprovisearjend en blêdzjend troch besteande toanielteksten besykje de spilers – de Frysktaligen yn it Frysk, de Hollânsktaligen yn it Hollânsk – in antwurd op dy fraach te finen. Dat dogge se yn natuerlik fergliidzjend jûnsljocht sûnder elektroanyske helpmiddels.
Wy spilen 3 foarstellings, in kaartsje koste € 7,50 en der koe allinne telefoanysk reservearre wurgde. It smiet fuortendaliks ek noch in Gouden Gurbe op: de ekstra Gurbe as aanmoedigingsprijs. Dat smakke nei mear.
Rezjy: Luuk Eisema en Grytha Visser
M.m.f. doarpskoar HAWAR û.l.f. Jildou Talman
Tekst en spul: de spilers