Kaarten

Kaarten bestelle

Jo kinne hjir online jo tagongskaarten á € 17,50 bestelle (bern o/m 12 jier € 10,00). De tagongspriis is ynklusyf in konsumpsje mar eksklusyf service- en administraasjekosten à € 2,19. Dat lêste hat te krijen mei de kosten dy’t wy sptigernôch meitsje moatte om de online kaartferkeap mooglik te meitsjen. Wy hoopje op jo begryp.

  1. Kies de datum fan de foarstelling dêr’t jo hinne wolle en folje de winske gegevens yn.
  2. Jo rekkenje it totaalbedrach ôf mei Ideal, paypal of credit card.
  3. Jo krije de troch jo bestelde kaart(en) fia de mail tastjoerd.
  4. Printsje se út as tagongsbewiis foar de foarstelling. De foarstellings begjinne alle kearen om 21.00 oere. De tún/kassa is iepen fan 19.30 oere ôf.

Tickets In See Fan Lân

 

ÚTFERKOCHT

Hawwe jo de bestelde kaarten net binnen in oere yn jo mailboks? Yn dat gefal kinne jo fia de mail kontakt opnimme mei de ticketservice fan Iepenloftspul Snakkerbuorren fia de webside www.ticketscript.com/support.

Telefoanysk reservearje

Wolle jo leaver jo kaarten telefoanysk reservearje? Dat kin fanôf tongersdei 1 juny. Jo kinne ús telefoanysk berikke fan moandeis o/m freeds tusken 18.00 – 18.30 oere fia 06- 11 24 02 02.

Min waar

As in foarstelling troch min waar of oare kalamiteiten net trochgean kin, dan wurdt dat dyselde deis om uterlik 18.15 oere bekend makke op ús webside en Facebookside. De foarstelling wurdt dan ferpleatst nei de reservedatum.

Lokaasje

Doarpstún Snakkerbuorren, Oan ’e Dyk 56, Snakkerbuorren