Kaartferkeap

Wy spylje ‘De kommune’ op de neikommende dagen:

  • woansdei 28 juny (UTFERKOCHT)
  • freed 30 juny (UTFERKOCHT) 
  • sneon 1 july
  • tiisdei 4 july (UTFERKOCHT) 
  • tongersdei 6 july (UTFERKOCHT) 
  • freed 7 july (UTFERKOCHT) 
  • sneon 8 july (UTFERKOCHT) 
  • snein 9 july (EKSTRA) 

De foarstelling begjint alle kearen om 21.00 oere.

Kaarten bestellen

Tagongskaarten á € 20,00 (ynklusyf konsumpsje) kinne jo hiel maklik online bestelle via dizze website. Sjoch hjirûnder en it wiist him fansels. Wy winskje jo alfêst in noflike jûn!

Min waar

As in foarstelling troch min waar of oare kalamiteiten net trochgean kin, dan wurdt dat dyselde deis foar 19.00 oere bekend makke op ús webside en socials. Jo wurde dan ek ynformearre oer de dei wêrop ’t de foarstelling ynhelle wurde sil (sjoch foar de mooglike opsjes ek reservedata hjirûnder).

Reservedata

Foar de foarstellings fan 28 juny, 30 juny en 1 july is 3 july reserve. Foar de foarstelling fan 4 july is de reservedatum 5 july. Foar de foarstellings fan 6, 7 en 8 july is op 9, 10 of 11 july de reservejûn.

Lokaasje

Doarpstún Snakkerbuorren, Oan ’e Dyk 56, Snakkerbuorren