Skiednis
Sa’t it allegear begûn
De âlde kwekerij efter Oan ‘e Dyk yn it eardere túndersdoarp Snakkerbuorren hjit no ‘De Doarpstún’. It begûn allegear yn 2001 mei in tal entûsjaste doarpsbewenners/frijwilligers dy’t besleaten de eardere kwekerij op te knappen en mei de bou fan fruit, griente en blommen âlde gloarje ta nij libben te bringen. Yn in smûk skaadzjend hoekje fan de tún hawwe dyselde doarpsbewenners yn 2008 it lytste iepenloftteater fan Fryslân makke. Alle betingsten foar in iepenloftspul oer ‘lok’ wiene oanwêzich. Sa hjitte dan ek it earste iepenloftspul. Lok.
Nei ‘Lok’ ûntstie in jierlikse iepenloftspul-tradysje. Hjirûnder hawwe wy alle iepenloftspullen fan Snakkerbuorren foar jo op in rychje setten.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de Doarpstún op www.dedoarpstun.nl of kom ris del by ús op de tún. Jo binne fan herte wolkom!