Categories: Boukjes

Margje

Soms freegje ik my wolris ôf hoe’t ús heit en mem elkoar oait fûn ha. Us heit in keapmantsje dat rommelmerken ôfstrúnde om hannel; ús mem in direkteursdochter dy’t har oerjoech oan de meast sweverige hobby’s. De iene dei stoarte se har op reiki, de oare deis siet se te meditearjen, wer in dei letter woe se allinne griente ite dy’t by ljochtskynmoanne siedde wie.


It iennschste dêr’t se altyd mei trochgien is, is yoga. Sa lang ik it my yn ’t sin bringe kin, docht se dat. Ienkear wyks in groepsles, alle oare dagen rôlet se it matsje thús út foar de sinnegroet en oare poases dy’t neffens har geast en lichem linich hâlde.


It moaie fan ús mem is dat se tagelyk aardich nuchter bliuwt. Oars hie se it ek noait sa lang úthâlden mei ús heit fansels. Se soe graach wolle dat wy sa no en dan mei har meidiene, mar as heit en ik sizze dat wy dêr gjin nocht oan ha, leit se har dêr yn ’e regel ek frij maklik by del.


Se wit fansels ek wol dat se it oan heit te tankjen hat dat se har gong gean kin. Dat se it iene wykein op Skylge is om meditatyf te sjongen en in pear wike letter foar fiif dagen nei Frankryk ôfset om har eigen ynderlik yn wetterferve fêst te lizzen, kin allinne om’t ús heit it betellet. Soe dat echte leafde wêze?

Iepenloftspul Snakkerbuorren

Share
Published by
Iepenloftspul Snakkerbuorren

Recent Posts

In memoriam Piter Zwart

SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de…

2 maanden ago

Iepenloftspul Snakkerbuorren siket figuranten

Kommende simmer spilet Iepenloftspul Snakkerbuorren, lykas bekend, 'Andorra' fan deSwitserske skriuwer Max Frisch. In foarstelling…

2 maanden ago

Nij logo!

Is it dy al opfallen? Us nije logo? Sjochst de sinne dy’t oer de Doarpstún…

6 maanden ago

Gouden Gurbes 2023

As tradysjonele ôfsluting fan it iepenloftspullen-seizoen waarden op freed 13 oktober lêstlyn ynteater Snits wer…

6 maanden ago

Ekstra foarstelling fan De Kommune

Om’t alle sân foarstellingen fan iepenloftspul De Kommune op De Doarpstún fan Snakkerbuorren útferkocht binne,…

10 maanden ago

Premjêre 28 juny en foarstelling 8 july útferkocht

De kaartferkeap giet dat it slydjaget. Underwilens binne sawol de premjêre op woansdei 28 juny…

11 maanden ago