Fan mûzen en mannen

Simmer 2019 sil de teaterbewurking fan ‘Of mice and men’ fan John Steinbeck yn in Fryske
oersetting as iepenloftspul opfierd wurde yn it iepenloftteater op de Doarpstún fan
Snakkerbuorren. De regy is yn hannen fan Karin Idzenga.

‘Fan mûzen en mannen’ giet oer de bysûndere freonskip tusken George en de geastlik beheinde
Lennie. De mannen ha in grutte mienskiplike dream dy’t se nettsjinsteande al tsjinslaggen yn it
libben besykje yn stân te hâlden: in eigen pleatske om sels op te buorkjen. Mar hoe bot se harren
bêst ek dogge, it needlot slacht ta.

‘Fan mûzen en mannen’ is rau en leafdefol, humoristysk en
oangripend.

Spyldata: 26,28 en 29 juny, 3,4,5 en 6 july 2019.


Auteur: John Steinbeck
Rezjy: Karin Idzenga.
Dekôr: Marysia Jaworski
Klean: Henk Bosma
F
ryske oersetting: Jan van der lij