Boukje

Neffens Leo Tolstoi lykje alle lokkige famyljes op elkoar, mar binne alle ûngelokkige famyljes ûngelokkich op har eigen wize. Dêr moat ik hieltyd faker oan tinke no’t ik myn famyljeleden fan de Helfichkant op ’e dagen foar de begraffenis fan pake Bouke geregeld sjoch.

Op it earste gesicht in suksesfolle famylje. As iennichste produsint fan kwaliteitsgalgen yn Fryslân steane de Helfrichs yn heech oansjen. De wurdearring foar wat se foar de wurkgelegenheid en it oansjen fan dit doarp betsjutte is grut. Mar de lêste dagen ûntdek ik dat  yn ’e waarme kleuren fan it famyljelok folle mear swart sit as ik earst tocht.

Mar earst sil ik mysels eefkes foarstelle. Ik bin Boukje van der Wal, de iennichste pakesizzer fan de ferstoarne. Ik bin twa jier lyn mei de stúdzje filosofy oan de universiteit yn Grins úteinset. Dat wie oan de iene kant om’t ik net rjocht wist wat ik wurde woe en oan de oare kant om’t ik hope dat ik dêr de sin fan it libben fine soe.

Om’t ik yn it iepenlofstpul oer de Helfrichs de rol fan fertelster haw, is my frege om de persoanen dy’t in rol yn it famyljedrama spylje oan jim foar te stellen. Ik begjin ien fan de kommende dagen mei ús pake, Bouke Helfrich. De man nei wa’t ik neamd bin.