2016: Don Juan

‘… mar allinich at ik libje kin … sa’t ik dat wol …’

Yn it spiksplinter nije teater op de Doarpstún fan Snakkerbuorren koest yn de simmer fan 2016 getuge wêze fan de skamteleaze aventoeren fan Don Juan: de grutste, meast bekende en beruchte frouljusfersierder út de toanielskiednis.

Yn de eigentiidske ferzje fan it stik dêr’t Iepenloftspul Snakkerbuorren foar keas, seagen we Don Juan as in moderne playboy en soan fan in grutte mediamagnaat. Hy is krekt troud mei Elvira mar op de houliksreis giet it direkt al mis. Don Juan kin it net litte en fersier fuortendaliks de earste de beste stewardess dy’t er tsjin komt.

Don Juan is in losbol, dy’t genietet fan syn libben sûnder moraal. Syn gedrach smyt de nedige wjerstân op mar hy wegeret him oan te passen. Mei alle gefolgen dêr neffens …

  • De LC oer Don Juan:

… Don Juan stiet garant foar in jûn fol wille mei in serieuze ûndertoan … 

  • It FD oer Don Juan:

… de teksten soargen foar de noadige grappen en hilariteit. Ek de stillearre yngrepen fan regisseur Wouter Daane foelen yn goede ierde ….

  • De Moanne oer Don Juan:

… gnyskjend ferlit it publyk de tribune om de jûn ôf te sluten by it kampfjoer yn de doarpstún.

Yn oktober krige de foarstelling ek fan de Gouden Gurbe sjuery noch de nedige lof taskikt. Piter Zwart fertsjinne foar syn rol as Koos, de bodyguard fan Don Juan, in Gouden Gurbe foar de bêste byrol. Pieter Dirk Sikke krige foar syn fertolking fan Don Juan in nominaasje foar bêste haadrol. En oer de tún sei de sjuery dit:

… Snakkerburen beschikt nu in de grote dorpstuin over een eigen permanent en sfeervol openluchttheater. De ontvangst, pauze en nazit waren indrukwekkend, in de grote en zorgvuldig aangeklede open ruimte tusse de volkstuin en het theater. Heel verzorgd en supergezellig, met na afloop een mooi kampvuur inclusief live-gitarist …

Rezjy: Wouter Daane
Rezjy-assistinsje: Nelis Huizinga
Skriuwer: Molière yn in bewurking fan Nathan Vecht, Fryske oersetting Tineke Hoekstra
Foarmjouwing dekôr & klean: Pyr Bosma en Henk Bosma
Spilers: Pieter Dirk Sikkema, Piter Zwart, Albert Sinnema, Sytse Keekstra, Wytse de Vries, Rudi Stuve, Klaas Langoor, Theo van de Molen, Marleen de Boer, Lisa Romkes, Evelien Andriesse, Nynke Dijkstra, Lisa Romkes, Liane Nijboer, Jillis Tingen

Trailer

Videoregistratie

Foto’s

Efter de skermen yn Snakkerbuorren
DSCF0001DSCF0034DSCF0028

Efter de skermen yn Snakkerbuorren

Foto’s fan foarstelling Don Juan op 15 july 2016
13770434_1049146108473965_6796033084102218968_n13731435_1049146301807279_3149635353878877917_n13700144_1049146121807297_5682377088240636742_n

Foto’s fan foarstelling Don Juan op 15 july 2016

Foto’s fan de twadde foarstelling fan Don Juan, 8 july 2016
P1030406P1030413P1030391

Foto’s fan de twadde foarstelling fan Don Juan, 8 july 2016

Fotoreportaazje fan de flyeraksje op it Strjitfestival yn Ljouwert
IMG_3911IMG_3914IMG_3915

Fotoreportaazje fan de flyeraksje op it Strjitfestival yn Ljouwert

Foto’s van de opnamedei foar de trailer fan Don Juan
_MG_8001_MG_8002_MG_8003

Foto’s van de opnamedei foar de trailer fan Don Juan