2010: Begearte

‘Ik sis de wierheid net. Wat wier wêze moatte soe, dat sis ik.’

Makken de ynwenners fan Snakkerbuorren en Lekkum earder twa kear in iepenloftspul op basis fan eigen ymprovisaasjes, yn 2010 weagen se har oan in moderne klassiker. In geweldige útdaging, sawol artistyk, ynhâldlik as organisatoarysk.

‘Begearte’ – ‘A streetcar named Desire’- fan Tennessee Williams giet oer de oan leger wâl rekke ‘southern belle’ Blanche Dubois dy’t ûnderdak siket by har suster Stella. Dizze Stella is troud mei Stanley Kowalski, gjin goede kar neffens Blanche, want ûnder har stân. As Stanley ûntdekt wêrom’t Blanche ûntslein is as ûnderwizeres en dat se it famyljebesit der trochhinne jage hat, rint it út op in dramatyske konfrontaasje.

Seis sinderjende, útferkochte foarstellings mei prachtige resinsjes en reaksjes. Snakkerbuorren stie definityf op de ‘iepenloftspullen-kaart’.

Rezjy: Luuk Eisema
Rezjy-assistinsje: Ellen Kooijman
Skriuwer: Tennessee Williams, Fryske oersetting Tryntsje van der Zee/Tryater, bewurking Luuk Eisema
Foarmjouwing dekôr en klean: Marysia Jaworski
Muzyk: Albert Smit
Spilers: Sjoukje Jager, Grytha Visser, Peter Toen, Gerard van der Veer, Dick Gardenier, Elly Dijkstra-van Zutphen, Gerard Jongens, Ellen Kooijman

Trailer

Foto’s

2010 Begearte
cast Iepenloftspul SnakkerbuorrenIepenloftspul Snakkerbuorren 1Iepenloftspul Snakkerbuorren 2

2010 Begearte