2015: De Dame Komt

…in swarte komeedzje oer macht, jild, leafde en ferried…

Under oanfiering fan regisseur Karin Idzenga spile Snakkerbuorren yn 2015 de swarte en tagelyk absurdistyske komeedzje De dame komt. Dit stik fan de Switserske skriuwer Friedrich Dürrenmatt fertelt it ferhaal fan in stedsje yn ferfal. De ynwenners reitsje hielendal út de skroeven at bliken docht dat in smoarrike âlde dame nei har berteplak werom komt mei yn har hântas in miljard euro.

Yn ruil foar dat miljard easket sy lykwols rjochtfeardigens. It ûnrjocht dat har ea oandien is yn dizze stêd wol se no rjochtsette. It hiele stedsje is útrûn om de âlde dame te ûntfangen. De juf, de slachter, de dûmny en fansels de boargemaster, mar dan docht bliken dat de dame hielendal net ynteressearre is yn al dat úterlik fertoan. Sy komt mar foar ien persoan: har âlde leafde Alfred. 
Alfred wurdt troch de bewenners fan it stedsje ûnbedoeld belutsen by de absurde eask fan syn âlde leafde…… en rekket sa fersile yn in striid op libben en dea.

De dame komt giet oer de macht fan it jild. As hebsucht it wint fan prinsipes, komme mei in miljard yn it foarútsjoch, ûnfoarsjoene krêften frij. Uteinlik docht bliken dat hast net ien noch wjerstân biede kin oan it grutte jild.
De sân foarstellings fan De dame komt foelen net allinne yn de smaak by it publyk mar ek by de sjuery fan de Gouden Gurbes. Snakkerbuorren wûn mei De dame komt de Gouden Gurbe foar de bêste iepenloftfoarstelling fan 2015. Dêrnjonken kriig Snakkerbuorren ek nochris twa nominaasjes: foar bêste foarmjouwing (Henk Bosma) en foar bêste haadrol (Theo van der Molen).

Rezjy: Karin Idzenga
Rezjy-assistinsje: Dick Gardenier
Skriuwer: Friedrich Dürrenmatt, Fryske oersetting Freark Dam
Foarmjouwing dekôr & klean: Henk Bosma
Spilers: Atty van der Plaats, Jacob de Vries, Piet Wenings, Jan van der Ley, Theo van der Molen, Elly Dijkstra, Bodes Kroes, Nynke Jensma, Ingrid van der Weide, Marleen , Fenna Meijer, Sietske Veenstra, Anne Marthe Zwart, Emma Rixt Zwart, Piter Zwart, Mark Kooij, Rixt Santema, Ronald Postma, Sietse de Vries.

Trailer

Videoregistratie

Foto’s

2015 De Dame Komt
BewerktIMG_1894IMG_1897

2015 De Dame Komt