2009: Winterkursus Sênes yn Snakkerbuorren

Yn in winterskoft fan 2008/2009 waarden troch Luuk Eisema en Grytha Visser in searje toaniellessen fersoarge yn it Praethûs op de tún. De lessen waarden ôfsletten mei ‘Sênes yn Snakkerbuorren’.

Op ferskate plakken yn it doarp hawwe sa’n 65 minsken tsjûge west fan dizze – tige slagge – pres(in)taasje. Yn it Praethûs wurde troch trije koks in fijne panne sop makke mei û.o. in farske, troch it rút hinne, sketten ein út eigen tún. Oan ‘e Ie stride ûnder lieding fan frou Obbema, it aksjekomitee ‘11stêdefinish yn Snakkerbuorren’ om de finish fan de alvestêdetocht werom te krijen op de Ie (yes we can!) en yn ‘e buorren siet in bekakte freule yn ‘e tún en fertelde ús op hege toan hoe fatsoenlik de minsken hjir libje en hoe ‘gedistingeerd’ alles hjir om en ta giet, o sa geweldich. En dat wylst efter har in ordinêr feest oan ‘e gong wie mei lûde muzyk, in soad drank, frijerij en letter ek noch slaanderij! Wa wit, komme wy dizze spilers yn de takomst noch tsjin yn it folgjende iepenloftspul!

Rezjy: Luuk Eisema en Grytha Visser
Tekst en spul: de spilers