2009: Camping

Foar it iepenloftspul fan dit jier wurde, fierder borduerjend op it konsept fan ‘Lok’, ek wurke op basis fan ymprovisaasje, eigen ferhalen en besteande teksten. As tema wurde keazen foar ‘Camping’.

Wat bringt kloften yn wolfeart grutbrochte minsken derta om simmerdeis – nei in jier fan hurd wurkjen – trije wike yn in tinte of caravan om te heukerjen? Om libjend op wûnderstampot en oploskofje en stroffeljend oer eigen en buormans hearrings de striid tsjin de ferfeling en de fakânsjestress oan te gean?

Fjouwer foarstellings dizze kear, in kaartsje koste € 7,50 en der koe allinne telefoanysk reservearre wurde. Wy spilen op ferskate lokaasje op de tún (op it fjild, yn de kas, yn it ‘bosk’ en yn it ‘teater’. No ja, teater is in grut wurd. In houten plankier mei wat boskjeboel mar wol hiel smûk. It publyk reizge mei en koe him úteinliks deljaan, krekt as by ‘Lok’, op plestik túnstuoltsjes.

Rezjy: Luuk Eisema en Grytha Visser
Rezjy-assistinsje: Klaas Jaap van der Heide
M.m.f. doarpskoar HAWAR û.l.f. Jildou Talman
Tekst en spul: Tjerk Voigt, Rixt Santema, Theo van der Molen, Elly Dijkstra, Jilles Tingen, Fenna Meijer, Lisa Romkes, Brecht de Vries, Sietske Veenstra, Tineke Radema, Leni Mensinga, Sietse de Vries, Sjoukje Jager, Dich Gardenier, Gijs Kooistra, Ytsje Noordenbos.