2019: Fan mûzen en mannen

Fan mûzen en mannen

… teaterbewurking Of mice and men

Dizze simmer sil de teaterbewurking fan it wrâldferneamde ‘Of mice and men’ fan John Steinbeck as iepenloftspul opfierd wurde yn it iepenloftteater op de Doarpstún fan Snakkerbuorren.

It ferhaal

‘Fan mûzen en mannen’ giet oer de bysûndere freonskip tusken George en de geastlik beheinde Lennie. De mannen ha in grutte mienskiplike dream dy’t se nettsjinsteande al tsjinslaggen yn it libben besykje yn stân te hâlden: in eigen pleatske om sels op te buorkjen. Mar hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta. ‘Fan mûzen en mannen’ is rau en leafdefol, humoristysk en oangripend.


Rezjy
Karin Idzenga

Spilers
Matthijs van Dieren, Jan van der Leij, Piter Zwart, Theo van der Molen, Dick Gardenier, Symen Sjoerd de Vries, Nynke Dijkstra, Jan de Jong, Jacob de Vries, Jillis Tingen, Klaas Zwart

Nijs

In memoriam Piter Zwart

SNAKKERBUREN Piter Zwart uit Snakkerburen die zich jaren met hart en ziel inzette voor de Friese cultuur en daarom eind vorig jaar nog een koninklijke onderscheiding kreeg, is dit weekeinde op [...]

Read More